Keunstner Hiske Wiersma siket wurk fan Ids Wiersma foar boek en tentoanstelling

04 jan 2021 - 13:58

Ids Wiersma (1878-1965) reizge sawat 100 jier lyn troch it Fryske lânskip en tekene it Fryslân fan syn jeugd. Byldzjend keunstner - en famylje fan - Hiske Wiersma pakt de tried op en nimt de skildere plakken as útgongspunt en fertaalt se op har eigen manier nei it hjoeddeiske lânskip.

Wurk fan Ids Wiersma - Foto: Fries Scheepvaart Museum

"Dit idee lei al tsien jier op 'e planke. Oant no ta hie ik der gjin tiid foar. Dochs haw ik no besletten om oan 'e slach te gean", leit Hiske Wiersma fan Berltsum út. "It lânskip feroaret fansels hieltyd. En troch op deselde plakken te stean as dêr't Ids stie, krijst hooplik in byld fan hoe't it lânskip feroare is, of net." Yn it wurk wol se ek ûndersykje oft se oerienkomsten mei Ids hat of net. "De famyljeline rint troch, dus ik bin benijd oft ik mysels herken yn syn wurk kwa kleur en ik bin benijd wat it mei myn wurk docht."

It wurdt noch in hiele put. "Hy hat safolle wurk makke. Der binne in soad bylden bekend út boeken, mar ik hoopje wurk te finen dat net sa bekend is. Ik ha ek wol kontakt mei musea, der is genôch wurk, mar ik hoopje dus ferrast te wurden."

Oprop

Sels hat se gjin wurk fan Ids Wiersma en se hat in oprop dien op sosjale media oan minsken dy't lânskipsskilderijen fan him hawwe, wurk dat spesifyk oer plakken yn Fryslân giet. "Ik hoech it wurk net te lienen, mar wol graach witte op watfoar plakken oft se makke binne."

It doel is om har skilderijen en dy fan Ids Wiersma yn in boek út te bringen en dat der in tentoanstelling komt. "De reaksjes binne al hiel entûsjast, mar ik moat earst noch hurd oan de bak." Oer twa jier soe it projekt klear wêze moatte.

Hiske Wiersma

Harkers mei wurk fan Ids Wiersma kinne hjir in berjocht oan Hiske Wiersma stjoere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)