Gjin iis, gjin redens, mar "de noardeastewyn is krekt like kâld as yn 1997"

04 jan 2021 - 13:39

De temperatuer leit krekt boppe nul en iis is fier te sykjen, mar dochs ride twa manlju dizze moandei de Alvestêdetocht. Net op redens mar op de fyts. Joost Brinkman en Bert Thalen fytse de tocht as 'ferkenning' foar takom jier. Dan is it op 'e kop ôf 25 jier lyn dat de lêste 'Tocht der Tochten' riden waard. It mei dan waarmer wêze as yn 1997, mar de noardeastewyn is 24 jier nei dato krekt like kâld, witte beide manlju.

Foto: Shutterstock.com (Glitterstudio)

Thalen ried de tocht yn 1997 sels op redens en krijt by alle doarpen en stêden in bysûnder oantinken oan dy dei. "It is in 'walk down memorylane', prachtich om mei te meitsjen", fertelt er. "Wy binne krekt yn Warkum oankaam en it stik nei Dokkum wurdt min en dreech mei de wyn tsjin." Dochs genietet er folop fan de tocht lâns de Fryske alve stêden. "Alles fan 24 jier lyn komt wer boppe. Fansels hie ik dizze tocht leaver op redens dien yn stee fan op de fyts. Mar it is net oars."

Omtinken foar de klimaatferoaring

It doel is om de tocht takom jier op 4 jannewaris mei in hiele groep te fytsen. "Dêrmei wolle wy omtinken freegje foar de klimaatferoaring", leit Thalen út. "It wurdt al mar waarmer. Wy dogge dit tegearre mei de feriening Friesland Beweegt. Hooplik kinne wy takom jier los mei in groep fan 2500 minsken."

Fytser Bert Thalen

Friesland Beweegt

"We zijn een werkervaringsplaats met 20 werkplekken, waar mensen van alles leerden, maar dat ligt allemaal stil, want er zijn geen evenementen", seit Eric Lansu fan Friesland Beweegt.

Hy fernimt dat minsken minder bewege. "In het voorjaar was er nog wel aandacht voor, maar die is behoorlijk teruggenomen. De uitdaging is belangrijk om te bewegen, maar als er geen Nijmeegse Vierdaagse is, waarom zou je dan trainen?"

Ek foar de organisaasje is it lestich. "We weten niet waar we aan toe zijn. Zoals Loop Leeuwarden is ook alweer uitgesteld naar het najaar. We zijn bezig met evenementen voor de zomer, maar daar moeten we vergunningen voor krijgen, maar die worden nu niet verleend. Ook de deelnemers wachten af."

Eric Lansu fan Friesland Beweegt

(Advertinsje)
(Advertinsje)