GGD klear om 15 jannewaris mei ynintsjen soarchpersoniel te begjinnen

04 jan 2021 - 13:03

Noch oardel wike en dan wurdt yn Fryslân de earste faksinaasje tsjin it coronafirus set. Fan 15 jannewaris ôf begjint yn it WTC Expo yn Ljouwert it ynintsjen fan ûnder oaren soarchpersoniel yn ferpleechhûzen. Ek it sikehûspersoniel en de húsdokters wurde as earst faksinearre. Is Fryslân der klear foar?

Ynintsjen soarchpersoniel

By de GGD binne se folop dwaande mei de tarieding, fan benammen de administrative kant. "Op 15 januari zijn we klaar om zorgpersoneel te vaccineren, de locatie is klaar, het personeel wordt momenteel ingedeeld en de eerste afspraken zijn ingepland die via een landelijk callcenter konden worden gemaakt", seit Jeannette Provoost fan de GGD.

In pear regio's begjinne earder om eventuele tûkelteammen op te lossen, dêr sit Fryslân net by. "Wij beginnen de vijftiende omdat we het zorgvuldig en volgens kwaliteitsnormen doen die landelijk zijn vastgesteld. Landelijk beginnen we op de vijftiende en dat is al drie dagen eerder dan oorspronkelijk het plan was."

Foto: Shutterstock

Ek de húsdokters komme no yn de beneaming foar de earste ronde nei yntinsyf oerlis mei it ministearje. "Zij komen in contact met mogelijke coronapatiënten en zijn essentieel voor de zorg in Nederland." Personiel fan de sikehuzen wurde yn de sikehuzen sels yninte. "Ze hebben een eigen protocol en prikken regelmatig, dat kunnen ze prima zelf afhandelden. Dan kunnen wij ons richten op het ander zorgpersoneel."

Hoe wurket it?

"Zorgpersoneel krijgt een brief van de werkgever en wordt uitgenodigd om via een landelijk telefoonnummer een afspraak te maken voor het WTC. Dan worden er direct twee afspraken gemaakt, voor de eerste en tweede prik, daar zit een week of drie tussen. Zo kunnen de zorginstellingen de eigen continuïteit waarborgen en hoeven ze niet alle personeel in een keer te missen."

Jeannette Provoost fan de GGD

Foto: Omrop Fryslân

Húsdokters ek earder yninte

De húsdokters wurde earder faksinearre as dat de ferwachting wie. "Uiteraard zijn we er blij mee", seit húsdokter Karin Groeneveld, se is ek foarsitter fan de lanlike húsdoktersferiening yn Fryslân.

"We maken een belangrijk deel uit van de spoedketen in de zorg." Nei't it lanlik bestjoer lobbyd en praat hat mei it ministearje is dêrta besletten.

Foar de húsdokters sels is der noch in protte ûndúdlik. Sa is it noch net dúdlik wêr't se wêze moatte foar de yninting en ek noch net watfoar faksin oft se krije. "Vanavond is er overleg met de ledenraad vanuit de landelijke huisartsenvereniging en daarna komt er hopelijk meer duidelijkheid." Der wurdt sein dat sy it Moderna-faksin krije, mar dat moat noch goedkard wurde. "Dat is geschikter, want het hoeft niet zoals het Pfizer-vaccin bij min 70 bewaard te worden. Maar als dat vaccin later wordt geleverd, zullen we moeten kijken naar andere mogelijkheden. Het is koffiedik kijken op dit moment."

Se hat gjin twivels oer de faksins. "Als mensen vragen hebben, zullen we ze zo goed mogelijk voorlichten, dat dit een betrouwbaar vaccin is. We plaatsen informatie op de website en bij vragen staan we mensen graag te woord."

Húsdokter Karin Groeneveld

(Advertinsje)
(Advertinsje)