Riedslid Van der Honing oer bystânsaffêre It Hearrenfean: "Ophâlde mei ûnnoadige en fernederjende kontrôles"

"It is net minsklik om jild werom te foarderjen fan minsken yn de bystân omdat se troch famylje holpen wurde." Dat seit Retze van der Honing, riedslid yn de gemeente Hearrenfean as reaksje op de bystânsaffêre fan Minkie Brandsma fan It Hearrenfean. Har dochter moat 9.000 euro werombetelje en dat is neffens harren net terjochte. Van der Honing fan GrienLinks is it mei de famylje iens. Hy wol sa gau as mooglik yn debat mei B&W oer it tapassen fan de bystânswet.
Riedslid Van der Honing oer bystânsaffêre It Hearrenfean:
Ferline wike waard bekend dat de gemeente Hearrenfean twa minsken yn de bystân frege hat om tûzenen euro's werom te beteljen omdat famylje geregeld de boadskippen foar har betelle. Ien fan dy minsken is de dochter fan Minkie Brandsma. It ferhaal fan de famylje Brandsma liket op de bystânsaffêre fan de frou út de gemeente Wijdemeren, dy't 7000 euro werombetelje moat om't har mem jierrenlang boadskippen foar har die, wylst de dochter sels in bystânsútkearing krige. Yn it gefal fan de famylje Brandsma die de dochter boadskippen foar de hiele famylje en krige letter jild werom fan har heit en mem foar de boadskippen dy't se foar harren helle hie.

"It moat net mâler"

Neffens riedslid Van der Honing moat it net mâler wurde. "Der binne no twa gefallen yn ús gemeente nei bûten kaam, mar dit bart folle faker. It is nei alle gedachten yn alle gemeenten fan Nederlân oan de hân." Neffens it riedslid komt soks omdat yn de wet stiet dat de sosjale tsjinst minsken yn de bystân strang kontrolearje moat. "Mar it is folslein belachlik datst as heit of mem neat mear oan de bern jaan meist. Dêr moatte wy as oerheid bûten bliuwe. Elkenien mei boadskippen krije fan heit of mem, de buorlju of freonen."

Undersyk nei opspeuringsmetoaden

It is heech tiid dat de gemeente Hearrenfean har belied oanpast, fynt Van der Honing. "Wy moatte as gemeente tsjin amtners sizze dat se yn dit soart gefallen net op hoege te treden. Wy ha oan it kolleezje frege om mei in list te kommen fan alle gefallen. En wy wolle ek witte watfoar 'opsporingsmetoaden' der brûkt wurde. Dêr wolle wy kritysk nei sjen. It mei net sa wêze dat ast yn de bystân komst, datst op dizze wize kontrolearre wurdst. Wy moatte ophâlde mei dit soarte fan ûnnoadige en fernederjende kontrôles."

"Unminsklike praktiken"

Yntusken is bekend wurden dat de gemeente Hearrenfean besluten hat om yn ien gefal de bedragen dy't foardere binne yn beide gefallen kwyt te skellen op advys fan de beropskommisje. "Dat is in goed begjin", seit Van der Honing. "No moatte wy noch regelje dat amtners net langer dit soart minsken hoege op te speuren. Dit soart ûnminsklike praktiken past net yn ús gemeente en moat sa gau as mooglik ophâlde."
Boadskippen dwaan © Shutterstock.com
Riedslid Retze van der Honing