Cambuur Sjoernaal: Klinkende oerwinning

Cambuur is 2021 begûn mei in klinkende oerwinning op FC Eindhoven. Yn it Jan Louwersstadion waard it 5-2 foar de Ljouwerters. Cambuur spile in geweldige earste helte dy't ôfsluten waard mei in 5-1 foarsprong. Robert Mühren makke in hattrick en is no mei 18 goals de topskoarder fan de Keuken Kampioen Divisie. De twadde helte foel Cambuur fier werom en koe Eindhoven sels noch werom komme ta 2-5. Mar dochs: moaie punten en skitterjende goals fan Cambuur. Yn it Cambuur Sjoernaal sjogge we wiidweidich werom op de wedstriid.
Cambuurjoernaal 4 jannewaris