Shorttrackers kleie oer min iis yn wykeinen, Thialf wol op syk nei oarsaak

"It liket wol oft se nei de freedtemiddeibuorrel nei hûs ta gean", seit Sjinkie Knegt oer de iismasters yn Thialf nei it Nederlânsk kampioenskip shorttrack. Neffens Knegt, Suzanne Schulting en bûnscoach Jeroen Otter is it iis foaral yn it wykein min en moat dat better. Earder wie Sven Kramer ek al kritysk oer de kwaliteit fan it iis op de 400 meterbaan op It Hearrenfean.
Sjinkie Knegt oer it iis
Neffens Knegt is der troch de wike neat oan de hân mei it iis op de shorttrackbaan. Sterker noch, it iis is dan hartstikke goed. Mar wykeins is it neat. "Ik kin my der wol hiel drok om meitsje. Yn it wykein is it waardeloas. Dat is al wiken sa. Troch de wike is ús iis echt hiel goed en ride we tiden dy't we op heechlânbanen as Salt Lake City en Calgary ek ride."
Suzanne Schulting oer it iis

"Verre van top"

Ek Suzanne Schulting hat faak oanjûn dat de kwaliteit fan it iis better moat. "Het ijs is niet zoals we zouden willen. Doordeweeks is beter en weekends is het verre van top. Maar goed, soms kun je er ook niks aan doen en moet je het doen met het ijs dat er ligt. Dat zijn wij shorttrackers ook aan gewend."
Ek Schulting freget har ôf hoe't it kin dat it iis yn it wykein minder is en stelt dêrby konkrete fragen: "Komt dat dan doordat het weekend is en de ijsmeesters weekend hebben? Ik denk dat daar goed naar gekeken moet worden, want het kan dus wel. Want doordeweeks is het gewoon echt goed."
© Orange Pictures
Knegt tinkt dat der yn it wykein minder omtinken wêze soe foar it iis. "Ik wit net wat der gebeurt, mar op freedtemiddei sitte se wierskynlik allegear oan de freedtemiddeibuorrel en draaie se de knop om. En dan gean se it wykein yn en stjoere se op sneontemoarn in iismaster en dy moat der wat fan meitsje. En op sneintemoarn ek in oar en dan sit der moandeis wol ien dy't der doel oer hat. En dan leit der ynienen in fantastyske iisflier. Dat moat yn it wykein ek sa wêze."
Coach Jeroen Otter oer it iis
Het ijs is wisselend. Ik heb het gevoel dat het er tijdens de trainingen beter bij ligt dan tijdens de wedstrijden.
Bûnscoach Jeroen Otter
Jeroen Otter is de bûnscoach en is ek net hiel posityf oer it iis. "Het ijs is wisselend. Ik heb het gevoel dat het er tijdens de trainingen beter bij ligt dan tijdens de wedstrijden. Het kan zijn dat er met trainingen meer gedweild wordt en meer of minder water gegooid wordt. Ik hoor dat er bij langebaan regelmatig geklaagd wordt. Maar aan de andere kant kun je daar simpelweg kijken naar de tijden en er worden nu veel pr's gereden. Er wordt snel gereden, dus dan denk je dat het er aardig bij ligt. Maar bij ons is het ijs inderdaad te wisselend."
© Orange Pictures

Al langer dwaande mei it iis

It kontakt tusken de nasjonale shorttrackseleksje en de iismasters fan Thialf ferrint fia Bjorn de Laat fan de KNSB. It ferbetterjen fan de iisflier by wedstriden wurdt al langer oan wurke. "We zijn al anderhalf jaar bezig om het ijs te verbeteren en dat proces gaat de laatste maanden eigenlijk heel goed, maar dat is niet makkelijk", fertelt De Laat.
Dêr slút Marc Winters, direkteur fan Thialf, him by oan. Der is gjin reden ta panyk, sa seit hy. "Ze hoeven zich zeker geen zorgen te maken over gebrek aan aandacht voor het ijs. Die is voor shorttrack net zo groot als voor langebaan. De samenwerking tussen de KNSB en Thialf loopt op dat punt uitstekend."

Op syk

It shorttrackwykein begûn sneon mei de foarrondes en snein wiene de finales. Neffens Winters hat der it hiele wykein kontakt west oer it iis mei de organisaasje en is de temperatuer fan it iis ek noch in heale graad omleech helle. "Er waren dan ook veel deelnemers die het ijs zondag super vonden. Waar Sjinkie op doelt, is dat hij het ijs in het weekeinde geregeld anders ervaart dan doordeweeks wanneer het ijs als goed wordt ervaren. We zullen dan ook nu met Sjinkie en anderen samen zoeken naar een eventueel te verklaren verschil in ervaring tussen de weekenden en andere dagen", fertelt Winters.