Needopfanglokaasjes foar bern ha it smoardrok yn twadde lockdown

04 jan 2021 - 08:30

Basisskoallen en bernedeiferbliuwen hawwe mear bern yn de needopfang as yn de earste lockdown yn maart en april ferline jier. Yn maart ferline jier waard der noch net sa folle gebrûk makke fan dizze needopfang, mar dat is no yn de twadde lockdown wol oars, fernimt ek Albert Helder, direkteur fan Proloog, de koepel fan iepenbiere basisskoallen yn de gemeente Ljouwert. "De mooglikheden om de opfang sels op te lossen binne beheinder as yn de earste lockdown."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Heiten en memmen mei fitale beroppen meie har bern nei dizze needopfang bringe en ek bern út kwetsbere gesinnen binne wolkom. Dochs liket it der op dat ek heiten en memmen sûnder sa'n 'krúsjaal' berop harren bern nei de needopfang bringe. Skoallen en de berne-opfang ha it rjocht om âlden te freegjen nei harren berop. Dochs bliuwt it in saak fan betrouwen, fynt Helder. "Fansels stelle wy fragen, mar wy kinne net kontrolearje oft immen wier it berop útfiert dat er oan ús fertelt."

Ballen yn de loft

It oanbieden fan needopfang soarget foar in soad ekstra drokte op skoallen, fernimt Helder. "Us earste prioriteit is dat wy sa goed as mooglik ûnderwiis op ôfstân jouwe. Dêrneist moatte wy de needopfang regelje. Dizze bern komme nei skoalle ta, mar krije gjin klassikaal ûnderwiis. Wol stypje wy de bern by it folgjen fan it ûnderwiis op ôfstân. Wy kinne gjin twa dingen tagelyk dwaan. Wy moatte no al ferskate ballen yn de loft hâlde."

Opfang yn de eigen bubbel

Nettsjinsteande alle drokte wol Helder gjin útspraken dwaan oer de fraach oft alle heiten en memmen 'ferantwurde' gebrûk meitsje fan de needopfang. "Ik kin gjin wearde-oardiel jaan. Wol fernim ik dat de mooglikheden om de opfang sels op te lossen yn de twadde lockdown beheinder binne as yn de earste lockdown. Dochs bliuwt ús oprop: 'besykje earst sels in oplossing te sykjen yn jim eigen bubbel'."

Albert Helder fan Proloog

(Advertinsje)
(Advertinsje)