Kollum: "Klaverjasse"

"Kryst yn coronatiid. Oars as oars, ek foar ús. Net mei de hiele famylje byelkoar en gourmette, mar om beurten en op ôfstan. Mar wy meitsje der it bêste fan. "Wat zullen we nu eens doen?", frege myn skoanmem nei ôfrin fan it krystdiner op krystjûn. Ik wit net wêr't ik it weihelle, mar ik rôp ynienen: 'Klaverjasse!' Ik seach de eagen fan myn skoanheit opljochtsjen en hy helle fuortendaliks in pakje kaarten foar it ljocht. Moai, ik hie in bûnsgenoat.
© Janneke de Haan
De Toan fan Janneke de Haan
Myn skoanmem en freon stiene net fuortendaliks te springen. Myn freon mompele noch dat in potsje peste ek leuk wie, mar úteinlik lieten se harren gewillich om de tafel hinne parkearje. Neffens myn freon wie de útlis mei termen lykas 'yntroevje', 'zo nat als een gieter' en 'de boer is troef' krekt as de Jiskefet-útstjoering 'Stiften': ien grut abracadabra. Mar nei wat spultsjes mei de kaarten iepen op tafel, krige hy de smaak te pakken.
Klaverjasse sit yn myn bloed. Wy wiene der thús betiid by. Myn broer spande de kroan, hy koe it op de beukerskoalle al. By opa en oma yn Alkmaar of by pake en beppe yn Grou, der waard altyd kaartspile. Somtiden mei ferskate teams; in groepke oan 'e grutte tafel, de kofjetafel en earne yn 'e hoek fan de keamer. Konsintrearre stilte ôfwiksele mei lûde gjalpen as "Jim binne nat!" en "Dat wie de pitslach!" Mar ek yn ús eigen húshâlding is it spultsje populêr, op fakânsjes, wykeintsjes fuort en reinige sneinen. Altyd klaverjasse.
Myn freon hie it oant no ta yn 'e kant set. Klaverjasse wie neat foar him. Op it nijs dat hy it no ek koe, waard yn de famylje-app dan ek mei in soad smileys en tomkes omheech reagearre.
Op earste krystdei gongen myn freon en ik nei ús heit en mem. Wy wiene noch net iens yn 'e hûs of myn heit stie al mei de kaarten te skodzjen. "Wa tsjin wa?", frege er. Wêrnei't er myn freon warskôge: "En net fersaakje do, bliksem!" Ik seach de troch ús heit skreaune briefkes al op tafel lizzen, de rychjes mei troef, net-troef en roem. It klaverjasfjoer wie oanstutsen.
Mei de potsjes kamen ek de oantinkens en anekdoates. Oma dy't oe sa graach klaverjasse mocht, mar sokke minne eagen hie, dat se mei in fergrutglês har kaarten bestudearre. Omke Harald dy't, as hy in moaie slach makke hie, mei syn 'bulderlach' de hiele tafel skodzje liet. En fansels pake, dy't daliks yn 'e auto sprong as heit him op in snein opbelle foar in potsje klaverjasse by ús thús. Pake, dy't oant syn njoggentichste ta alle wiken fanatyk oan it kaartspyljen west hat.
Tsjin de tiid dat it âld en nij wie, wie myn freon in betûfte klaverjasser. Mei myn broer en skoansuske ha wy it spultsje de hiele jûn spile. En noch mear anekdoates oer dronken potjes yn it studintehûs en oer genipige taktiken foar it 'seinen' kamen foarby. Wêrop't myn freon by it oare potsje daliks die as moast er hoastje en op syn hert sloech.
It wie in kryst en âld & nij yn lyts komitee. Mar eins wiene der mear minsken as oare jierren. Al dy potsjes klaverjasse brochten de famylje, ek dy't der spitich genôch net mear binne, foar ien kear wer ris byelkoar."