Fûgelspotters komme manmachtich ôf op fjildûle by Holwert

04 jan 2021 - 07:37

It wie ôfrûne wykein drok mei fûgelspotters oan de Waadkust. By de Peazumer lannen en de pier fan Holwert wiene in soad fotografen mei grutte linzen om in moaie foto te meitsjen fan de fjildûle, yn it Frysk ek wol katûle neamd. "It is echt net te leauwen hoefolle minsken op de natoer ôfkomme yn coronatiid", seit Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea.

Foto: CAMJO media

Yn Nederlân binne tusken de 100 en 500 fjildûlen dy't hjir oerwinterje. Yn de Peazumer lannen binne sa'n acht bisten sjoen, wat bysûnder is. "Sa'n nijtsje wurdt rap dield ûnder fûgelleafhawwers en dan komme der in hiel soad minsken lâns", leit Jongsma út. "Fanwege de mûzen komme de ûlen nei Fryslân ta. It is in fûgelsoart dy't in hiel nomadysk bestean hat. De bisten komme ôf op fretten. Dizze kwelders binne frij rûch en der sitte hjir in soad mûzen. In paradyske dus."

Te drok

Net allinnich fjildûlen witte Fryslân te finen, ek fûgelspotters kamen manmachtich nei ús provinsje ta. Jongsma is wiis mei alle omtinken foar de natoer. "Dat is hartsikke moai, mar de natoer is ek bate by rêst. As der hûndert fotografen stean dan ha wy wol ús fraachtekens oft it goed is foar de natoer. Oft it dit wykein té drok wie, wit ik net. Sa lang as de bisten der noch sitte, kin it gebiet it ha. Mar ik soe net pleitsje foar noch mear drokte."

Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea

(Advertinsje)
(Advertinsje)