Ofrit 12 nei sintrum It Hearrenfean slút fannacht foar acht moannen

Yn de nacht fan moandei 4 op tiisdei 5 jannewaris slút Rykswettersteat de ôfrit yn de A32 nei it sintrum fan It Hearrenfean (út de rjochting fan Wolvegea) foar in dik healjier. De kommende acht moannen wurdt de ôfrit ferlein om romte te meitsjen foar de nije oprit yn de rjochting fan Ljouwert. "We leggen een nieuwe infrastructuur aan om de verkeersdruk nu en in de toekomst aan te kunnen", seit projektlieder Klaas Kuperus út namme fan Rykswettersteat en de gemeente Hearrenfean.
A32 by It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ofrit 12 bliuwt ticht oant nei de simmer fan 2021. "De huidige toerit richting Leeuwarden gaat eruit, we gaan hier een grote turborotonde aanleggen. Daardoor moet ook de afrit vanaf het zuiden omgelegd worden. Het verkeer loopt vast op de A32, daarom leggen we een nieuwe infrastructuur aan om die verkeersdruk nu en in de toekomst aan te kunnen."

Omliedingen

Ferkear yn de rjochting fan it sintrum fan It Hearrenfean, bedriuweterrein IBF, De Knipe en Skoatterwâld-Noard moat omride. "De afrit gaat vanaf vannacht dicht. We leiden verkeer om via het klaverblad. Er zijn ook andere omleidingsroutes om het verkeer te spreiden."
Hoe't der aanst riden wurde moat, is goed te sjen yn dit filmke:

Heerenveen Beter Bereikbaar

Yn novimber is al úteinset mei wurk oan it fiadukt by de K.R. Poststrjitte, dat fjouwer meter breder wurdt. Dêrtroch is der romte foar in nije ynfoechstripe foar ferkear yn 'e rjochting fan Ljouwert. Ferkear út it sintrum fan It Hearrenfean wei kin yn de nije situaasje fuort rjochts de sneldyk op ride.
Projektlieder Klaas Kuperus fan de gemeente Hearrenfean
It wurk oan de A32 heart allegearre by it projekt 'Heerenveen Beter Bereikbaar', fan gemeente Hearrenfean, provinsje Fryslân en Rykswettersteat. It projekt moat de oerlêst en ferkearsdrokte op de A32 oanpakke. Op de webside fan 'Heerenveen Beter Bereikbaar' is mear ynformaasje te finen.