Nije útbaters doarpskafee Boazum tekenje jierkontrakt

Boazum is it nije jier goed úteinset. It doarpskafee De Boazumer Mjitte hat sûnt 1 jannewaris twa nije útbaters. De twa freondinnen Gwenda Hemstra en Paula Groeneweg binne sûnt 1 jannewaris offisjeel de hierders fan it kafee. Se hawwe in jierkontrakt tekene mei de eigener, de stichting de Boazumer Mjitte en de Nacht fan Boazum. "It kafee is echt it middelpunt fan it doarp. Dit kafee moat sa rap as mooglik wer iepen."
© Shutterstock.com
Beide nije útbaters kinne fanwege de corona-lockdown noch net los. En ek de fergunningen binne noch net hielendal rûn. In 'gedurfde' aksje dus. Seker ek omdat de foarige hierder it yn coronatiid nei in pear moannen al opjaan moast. Gwenda hat der lykwols alle betrouwen yn dat it harren wol slagje sil. "Wy wolle it beide hiel graach en ha der betrouwen yn dat it 'mondjesmaat' wol wer goed komt."

Wachtsje op de fergunning

Beide froulju kenne de doarpskroech en wolle sa gau as mooglik de doarren wer iepenje. It wachtsjen is lykwols noch op de lêste fergunning fan de gemeente. Gwenda: "Wy hoopje dat de amtners dizze wike efkes flink harren bêst dogge. It leit him yn elts gefal net oan ús. De fergunning is it iennige dêr't wy noch op wachtsje. Wy hoopje dat wy yn de lockdown alfêst úteinsette kinne mei 'afhaalmaaltijden' yn coronatiid. Wy ha der beide sin oan!"
Doarpskafee Boazum hat nije útbaters