Henk de Jong nei fiifklapper: "Miskien wol de bêste helte fan it seizoen"

03 jan 2021 - 21:50

SC Cambuur wie sneintemiddei yn de earste wedstriid fan 2021 mei 5-2 te sterk foar FC Eindhoven. By it skoft stie it sels al 5-1 foar de Ljouwerters, ta grutte freugde fan trainer Henk de Jong. "De earste helte wie miskien wol de bêste fan it hiele seizoen", seit De Jong.

Cambuurtrainer Henk de Jong oer de útwedstriid tsjin FC Eindhoven:

Henk de Jong nei FC Eindhoven - SC Cambuur

"We hawwe in perfekte earste helte spile. Dat wie echt top en wêr't we nei ta wolle. Dêr gean we moarn ek wer mei fierder op de training. Sjen oft we der better yn wurde. De twadde helte wie wat minder", seit de Cambuurtrainer.

Dat is in understatement, want de Ljouwerters spilen yn de twadde helte fanwegen in reade kaart foar Eindhoven noch mar tsjin tsien man. De Jong kin him dêr lykwols net al te drok oer meitsje. "Ik ha net raar dien, want ik fûn de earste helte te goed dêrfoar. Mar we wolle der wol mear úthelje. Mar dat oerhearsket net. De earste helte oerhearsket by my. Oare wike binne we in jier lang ûnferslein yn útwedstriden. Dat is bêst wol hiel knap", seit de trainer.

Hattrick

Oanfaller en kluptopskoarer Robert Mühren makke sneintemiddei mar leafst trije doelpunten. Dêrmei brocht hy syn seizoenstotaal op achttjin. De Volendammer hâldt dus in goed gefoel oer oan de jieriepener. "Absoluut, vooral de manier hoe we de eerste helft spelen en dat we hier gewoon netjes de drie punten pakken. In een belangrijke wedstrijd in het nieuwe jaar", seit Mühren.

Ek hy seach dat de twadde helte in stik minder wie. "Ze zouden dan eigenlijk een nieuwe regel moeten maken dat je dan mag stoppen en de drie punten mee naar huis neemt, want de tweede helft was natuurlijk niet best", sa seit hy.

Oanfaller Robert Mühren oer de wedstriid tsjin FC Eindhoven:

Robert Mühren nei FC Eindhoven - SC Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)