Johan Talsma fan Dokkum wol heger op de list fan Forum voor Democratie

Johan Talsma fan Dokkum wol dochs besykje heger op de kandidatelist foar Forum voor Democratie te kommen. Talsma, dy't ek riedslid is yn Noardeast-Fryslân, stiet op it 40e plak foar op de list foar de Twadde Keamerferkiezings. Dat wie op eigen fersyk, omdat hy tocht dat hy it te drok hawwe soe en net de tiid hat om alle dagen nei Den Haag te kommen. No tinkt hy dêr lywkols oars oer.
© Omrop Fryslân, René Koster
De reaksjes op syn kandidearing binne hiel posityf neffens him en dus wol hy no in persoanlike kampanje opsette om dochs in plak yn de Keamer te bemachtigjen. "Dy 18.000 stimmen moatte dochs mooglik wêze", sei Talsma yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Dêrmei doelt Talsma op it tal foarkarstimmen dat nedich is om mei in leech plak yn de Keamer te kommen.
Johan Talsma yn Buro de Vries