GGD Fryslân begjint trije dagen earder mei faksinaasjes

03 jan 2021 - 17:55

GGD Fryslân set trije dagen earder útein mei it faksinearjen fan soarchmeiwurkers fan ferpleechhuzen, de handicaptesoarch en de thússoarch. Op 15 jannewaris sil de earste prik yn Fryslân set wurde, sa lit de GGD sneintemiddei witte. Dat soe earst op 18 jannewaris. De faksinaasjelokaasje fan Fryslân is it WTC Expo yn Ljouwert.

Foto: Shutterstock

"Vanaf het begin was ons uitgangspunt: zo snel mogelijk zorgvuldig starten. Iedereen werkte tijdens de feestdagen keihard door en we kunnen gelukkig nu verantwoord vervroegen", seit André Rouvoet, foarsitter fan de GGD GHOR Nederlân, de koepel fan alle GGD'en. Ek de oare GGD'en dy't op 18 jannewaris úteinsette soene, begjinne no op 15 jannewaris.

De GGD hopet dat der fan moandei 4 jannewaris ôf in soad soarchferlieners belje om in ôfspraak te meitsjen. Der wurde yn totaal 2.000 meiwurkers de dei ynset om alle ôfspraken yn te plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)