Twa ferwûnen by botsing tusken auto en brommer by Kiestersyl

03 jan 2021 - 17:15

By Kiestersyl binne sneintemiddei in auto en in brommer troch in noch ûnbekende oarsaak mei inoar yn botsing kaam. Dêrby rekken de bestjoerder fan de brommer en syn byrider ferwûne.

Foto: SRFotografie

Trije ambulânsen kamen te plak om earste help te ferlienen oan de ferwûnen. De twa slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)