SC Cambuur stroffelet net oer FC Eindhoven, Kallon wol: 5-2

03 jan 2021 - 16:23

SC Cambuur hat sneintemiddei de earste wedstriid fan 2021 wûn. Op besite by FC Eindhoven wiene de Ljouwerters mei 5-2 te sterk. By it skoft stie de ploech fan trainer Henk de Jong al mei 5-1 foar.

Issa Kallon stroffelt, mar skoart wol - Foto: Orange Pictures

Nei in kertier fuotbal yn it nije jier hie SC Cambuur alwer in marzje fan twa op de nûmer acht fan de earste difyzje. Twa kear wie it clubtopskoarer Robert Mühren dy't raaksjitte koe. Op oanjaan fan respektyflik Mitchel Paulissen en Giovanni Korte sette hy syn sechstjinde en santjinde seizoenstreffer op papier.

De meast opmerklike treffer fan de middei kaam op namme fan Issa Kallon, dy't stroffele en dêrmei by fersin de bal efter de doelman fan FC Eindhoven skeat.

Noch net beslist

In pear minuten letter kaam Eindhoven werom yn de wedstriid troch in treffer fan Joey Sleegers. Dêrmei krige de thúsploech noch hoop op in punt, mar net foar lang. Calvin Mac-Intosch kopte yn de 34e minút in korner fan Mees Hoedemakers binnen. Doe't Amevor twa minuten ek noch in twiveleftige reade kaart krige, wie de oerwinning hielendal yn de tas foar Cambuur.

Op slach fan rêst krigen de Ljouwerters noch in penalty nei in tik fan Maarten Peijnenburg op Mac-Intosch. Dat wie in ienfâldich putsje foar Mühren: 5-1.

Cambuur fuotballet it út

Yn de twadde helte krige de Fryske ploech net in soad grutte kânsen mear. De thúsploech die fia Pieter Bogaers noch wol wat werom: 5-2. De oerwinning kaam lykwols nea mear yn gefaar.

Troch de oerwinning stiet Cambuur mei 46 punten út achttjin wedstriden noch hieltyd boppe-oan yn de Keuken Kampioen Divisie. Nûmer twa Almere City FC, dat sneontejûn wûn fan De Graafschap, stiet mei 43 punten op it twadde plak. NAC Breda is mei 35 punten de nûmer trije.

FC Eindhoven - SC Cambuur 2-5 (1-5): 4' 0-1 Robert Mühren; 16' 0-2 Robert Mühren; 22' 0-3 Issa Kallon; 29' 1-3 Joey Sleegers; 34' 1-4 Calvin Mac-Intosch; 41' 1-5 Robert Mühren (penalty); 65' 2-5 Pieter Bogaers.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch (88' Nieuwpoort), Schouten, Sambissa (69' Kramer); Jacobs (69' Breij), Hoedemakers, Paulissen; Korte, Mühren (88' Pouwels) , Kallon (69' Antonia).

(Advertinsje)
(Advertinsje)