Fryske manlju stelle teloar op NK shorttrack

03 jan 2021 - 16:03

De Fryske shorttrackers hawwe harren net minge kinnen yn de striid om de Nederlânske allroundtitel. De titel giet nei Dylan Hoogerwerf, dy't dêrmei ek wis is fan in plak yn de seleksje foar it Europeesk kampioenskip. Itzhak de Laat wie dêr al wis fan troch syn winst op de Invitation Cup.

Oare puntetelling

Foar it earst is der dit NK in nije puntetelling. Dejinge dy't oan de ein fan it toernoai de minste punten hat, is Nederlânsk kampioen. In rider dy't in finale wint, krijt 0 punten. De nûmer twa krijt 2 punten, de nûmer trije 3 punten, de nûmer fjouwer 4 punten, de nûmer fiif 5 punten, de nûmer seis 6 punten en de nûmer 7 punten. As je gjin finale helje, krije je 7 punten.

Utslach Nederlânsk kampioenskip shorttrack

1. Dylan Hoogerwerf 6 punten
2. Jens van 't Wout 10 punten
3. Friso Emons 11 punten
4. Sjinkie Knegt 12 punten
5. Melle van 't Wout 13 punten
6. Itzhak de Laat 15 punten
7. Bram Steenaart 18 punten
8. Jenning de Boo 18 punten
9. Daan Breeuwsma 18 punten
10. Niels Kingma 21 punten
11. Teun Boer 21 punten

500 meter

Op de koartste ôfstân kin Sjinkie Knegt yn de finale krekt net winne: hy wurdt twadde efter Dylan Hoogerwerf. Dêrmei pakt hy twa punten foar it klassemint. Jens en Melle van 't Wout wurde tredde en fjirde. Yn de B-finale wint Itzhak de Laat, wêrtroch hy fiifde wurdt en dus fiif punten pakt yn it klassemint.

Opfallend is dat Daan Breeuwsma yn de heale finale útskeakele wurdt fanwegen in twadde falske start. Hy mei dêrtroch gjin finale ride.

1.000 meter

Ek op de 1.000 meter binne de druven soer foar Breeuwsma. Hy rydt sawat de hiele rit foarop, mar yn de lêste bocht giet de Akkrumer ûnderút trochdat hy syn eigen foet oantikket en út balâns rekket. Breeuwsma wurdt dêrtroch mar fiifde. Ek de oare Fries yn de A-finale makket gjin yndruk. Knegt wurdt tredde efter winner Friso Emons en nûmer twa Melle van 't Wout.

1.500 meter

Op de 1.500 meter ûntbrekt Knegt yn de A-finale, trochdat hy yn de heale finale in straf krijt. Hy pakt dêrmei it maksimale tal punten foar it klassemint en docht dêrom net mear mei om de titel. De Laat, Breeuwsma en Jasper Brunsmann binne de iennige Friezen yn de A-finale. In oerwinning sit der net yn foar ien fan de manlju. Jens van 't Wout wint de langste ôfstân foar Hoogerwerf, dy't troch syn twadde plak wis is fan de Nederlânske titel. De Laat einiget as tredde op de 1.500 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)