Schulting foar tredde kear Nederlânsk allroundkampioen shorttrack

03 jan 2021 - 15:44

Suzanne Schulting is snein foar de tredde kear yn har karriêre Nederlânsk kampioen allround shorttrack wurden. Yn Thialf liet de shorttrackster fan De Tynje neat hiel fan de konkurrinsje: se wint de 500, 1.000 én 1.500 meter. De jonge Xandra Velzeboer en Selma Poutsma waarden twadde en tredde. Rianne de Vries fan Akkrum kaam net fierder as it fiifde plak.

Oare puntetelling

Foar it earst is der dit NK in nije puntetelling. Dejinge dy't oan de ein fan it toernoai de minste punten hat, is Nederlânsk kampioen. In rider dy't in finale wint, krijt 0 punten. De nûmer twa krijt 2 punten, de nûmer trije 3 punten, de nûmer fjouwer 4 punten, de nûmer fiif 5 punten, de nûmer seis 6 punten en de nûmer 7 punten. As je gjin finale helje, krije je 7 punten.

Utslach Nederlânsk kampioenskip shorttrack

1. Suzanne Schulting 0 punten
2. Xandra Velzeboer 8 punten
3. Selma Poutsma 9 punten
4. Gioya Lancee 11 punten
5. Rianne de Vries 17 punten
6. Georgie Dalrymple 18 punten
7. Yara van Kerkhof 18 punten
8. Diede van Oorschot 19 punten
9. Michelle Velzeboer 21 punten
Rianne de Vries mei nûmer twa yn aksje op it NK - Foto: Orange Pictures

500 meter

Suzanne Schulting jout de kopposysje yn de finale op de 500 meter gjin momint fuort. Se einiget as earste, al besiket Xandra Velzeboer it noch wol. Dat is net genôch, wêrtroch Velzeboer twadde wurdt. Georgie Dalrymple en Selma Poutsma falle beiden en wurde fjirde en fiifde. Gioya Lancee makket it poadium kompleet en einiget tredde.

Yn de B-finale wint Rianne de Vries, wêrtroch se sechde wurdt op dizze ôfstân.

1.000 meter

Op de 1000 meter moat Schulting de striid oangean mei Selma Poutsma, Xandra Velzeboer en Gioya Lancee. Spannend wurdt it net: Schulting wint maklik foar Poutsma, dy't yn de striid om it twadde plak krekt te fluch is foar Velzeboer. Rianne de Vries slagget der net yn har te pleatsen foar de A-finale. Se wurdt yn de B-finale twadde efter Yara van Kerkhof, wêrtroch De Vries seis punten byskriuwe moat foar it klassemint.

Foto: Orange Pictures

1.500 meter

De 1500 meter wurdt, net hiel ferrassend, ek in proai foar Schulting. Allinne Poutsma kin har yn de einfaze folgje, mar dy hat gjin antwurd op de fersnelling dy't Schulting oan de ein pleatst. De Vries wurdt fiifde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)