RIVM: 289 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân

03 jan 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 289 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat is ien mear as sneon, doe't 288 gefallen meld waarden. It deistige tal meldingen kin aardich skommelje en dat hat foar in part te krijen mei de feestdagen. Yn trochsneed wurde de ôfrûne wike alle dagen 240 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Súdwest-Fryslân (59). Dêrnei komt Ljouwert mei 34 besmettingen. Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel gjin nije stjergefallen meld.

In ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân rekke yn it sikehûs mei in coronabesmetting.

Lanlik binne der snein 7.438 besmettingen fêststeld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)