Fjoerwurk smiten op plysjeburo Hearrenfean; tsjûgen socht

03 jan 2021 - 14:20

De plysje siket minsken dy't mear witte oer de persoan dy't sneintemoarn om 5.00 oere hinne fjoerwurk smiet tsjin it plysjeburo fan Hearrenfean. Troch de klap is de doar ûntset.

Foto: Facebook Politie Zuidoost Fryslân

It gie om de doar fan in needútgong oan de Atalantastraat.

De plysje stelt in ûndersyk yn om te achterheljen wa't hjirfoar ferantwurdlik is en is dêrom op syk nei tsjûgen. Minsken dy't wat sjoen of heard hawwe of mear witte, kinne telefoanysk kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844 of anonym fia 0800-7000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)