Brân Herbergier Dronryp nei alle gedachten feroarsake troch koartsluting

03 jan 2021 - 13:48

De brân yn wensoarchsintrum de Herbergier yn Dronryp sneon waard nei alle gedachten feroarsake troch koartsluting. Dat sei boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Waadhoeke sneintemiddei yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries: "It giet nei alle gedachten om koartsluting dy't troch in lampe ûntstien is."

De Herbergier yn Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De brân ûntstie om 4.00 oere hinne yn in appartemint op de earste ferdjipping. Troch de slimme reekûntwikkeling waarden de tolve bewenners gau evakuearre en opfongen yn in gebou dêrneist. Sy koene sneontemiddei wer weromkeare nei de Herbergier, mar noch net nei harren apparteminten.

Trije ferwûnen

By de brân rekken trije persoanen ferwûne, dy't ôffierd waarden nei it sikehûs. Ien fan harren wie de eigener fan de Herbergier. Hy is yntusken wer thús. "Hy hie wat reek ynazeme, mar hy werstelt goed", fertelt Waanders.

Ek twa bewenners wiene der sa slim oan ta dat se ek nei it sikehûs ôffierd wurde moasten. "Ien fan de twa is no werom thús en ien leit noch yn kritike tastân yn it sikehûs. Wy hoopje dat dy lêste bewenner ek wer gau werom kin."

Bewûndering foar helptsjinsten

"It wie in hiele tryste start fan it jier foar de bewenners", seit Waanders. "It wie hiel aaklik om dat berjocht te krijen en dan te hearren hoe't it mei harren giet." De boargemaster is lykwols loovjend oer de ynset fan de helptsjinsten. "Dy minsken hawwe yn de nijjiersnacht yn it spier west. Dêr ha ik bewûndering foar."

No't sa goed as fêststiet dat de oarsaak fan de brân leit by in technysk mankemint wurdt it ûndersyk ôfsletten.

Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke

(Advertinsje)
(Advertinsje)