Automobilist ûnder ynfloed fan drank en drugs bedarret yn sleat by Bûtenpost

03 jan 2021 - 11:22

In automobilist is sneintemoarn mei syn auto yn de sleat bedarre neist de N355 by Bûtenpost. De bestjoerder ried út 'e rjochting fan Grins nei Bûtenpost en rekke troch ûnbekende oarsaak fan de dyk. Hy raamde dêrby in lantearnepeal en in beam.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Doe't de plysje arrivearre, konstatearre dy al gau dat de man ûnder ynfloed fan drugs en alkohol wie. Hy is meinaam nei it buro foar neier ûndersyk.

In bergingsbedriuw hat de auto út de sleat helle en ôffierd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)