Húsdokterspraktyk Frjentsjer iepenet unit foar coronapasjinten

By Gezondheidszorg De Hertog yn Frjentsjer stiet in spesjale coronakabine dêr't pasjinten dy't coronafertocht binne op it sprekoere komme kinne. Op dy wize wol de húsdokterpraktyk de coronafertochte pasjinten skiede fan de oare pasjinten.
-
Minsken dy't op it sprekoere fan de húsdokter komme wolle, wurde earst telefoanysk troch de doktersassistinte yngreven befrege nei harren klachten. As dêr coronarelatearre klachten by sitte, wurdt der in ôfspraak makke foar yn de spesjale covidunit. De pasjint moat yn de auto wachtsje en krijt in telefoantsje fan de húsdokter as hy of sy oan bar is.
Pasjinten dy't hiele oare klachten hawwe, kinne yn de gewoane wachtkeamer wachtsje op harren beurt. In mûlkapke is dêr wol ferplicht. Neffens húsdokter Annet Dam fan de praktyk yn Frjentsjer is it wichtich om de pasjinten fan elkoar te skieden om fersprieding fan it firus foar te kommen.
Ek foar it wurk fan de húsdokter is der it ien en oar feroare. De coronakabine is dêr in foarbyld fan. En der binne mear digitale en tillefoanyske konsulten. Oan de iene kant omdat dat feiliger is en ek omdat der minder pasjinten nei de praktyk komme kinne troch de oardelmeterregel.
Dochs moat de kwaliteit fan de soarch oerein bliuwe. Húsdokter Dam: "Wy dogge der alles oan om it kontakt mei ús pasjinten yn stân te hâlden. De drompel om kontakt te sykjen mei de húsdokter moat sa leech mooglik bliuwe."