Sjippe yn Ljouwerter rotonde; skom waait Frijheidswyk yn

De rotonde oan de Lekkumerweg yn Ljouwert stie sneintemoarn folslein ûnder it skom. Der moatte meardere flessen ôfwaskmiddel yn de fontein yn de rotonde smiten wêze. It skom wie meters heech en waaide dêrnei de Frijheidswyk yn.
It is net foar it earst dat der yn dizze fontein skomjend middel smiten is, it barde yn septimber 2020 en yn septimber en oktober fan 2015 ek al.