Mear as 22.000 euro ophelle foar fertochten "carbid akkefietje" De Jouwer

In donearaksje foar de fertochten fan it ôfgean litten fan in karbidkanon op De Jouwer hat al mear as 22.000 euro opsmiten. De crowdfundingsaksje, mei de omskriuwing "carbid akkefietje", waard sneontejûn opset en smiet yn twa oeren al hast 8.000 euro op. Wat krekt de bestimming is fan it jild, is net dúdlik.
© Martin de Jong Fotografie
Oan de Tolhûswei gie op âldjiersjûn in karbidkanon ôf. Dêrby sprongen de ruten fan Hotel Anne-Klare. Ek oare gebouwen rûnen skea op. Tolve manlju, dy't seine dêrfoar ferantwurdlik te wêzen, melden har op it plysjeburo.
It giet om ien man fan 27 jier âld, ien fan 23, ien fan 22, seis fan 21 en trije fan 20. Alve fan harren komme út de gemeente De Fryske Marren en ien komt fan gemeente Hearrenfean.
It tolvetal hat in skoft fêstsitten, mar is yntusken wer op frije fuotten. Se hawwe ferklearre dat se it kanon net mei opsetsin ôfgean lieten en sizze de ûntstiene skea fergoedzje te wollen. Dy rint lykwols op ta yn de tsientûzenen euro's, sa ferklearre hoteleigener Ardi Anker.

'Vervelende inschattingsfout'

Sneontejûn is der in crowdfundingsside oanmakke om jild op te heljen foar de manlju. By de omskriuwing stiet: 'Allemaal jong geweest. Carbid akkefietje'
De motivaasje foar de jildynsammelaksje lêst: "Na een vervelende inschattingsfout willen we de jongens die zichzelf hebben gemeld en staan voor de schade een hart onder de riem steken!! Elk weekend wordt er door het hele land van alles vernield en niemand is thuis. Deze jongens wel."

Grutte bedraggen

De aksje smiet yn twa oeren al sa'n 8.000 euro op en sneintejûn stiet de teller al op mear as 22.000 euro út goed 1.250 donaasjes.
Der wurde grutte bedraggen jûn. It heechste oant no ta is 509 euro, fan ien dy't seit grutsk te wêzen op it tolvetal om't se "staan voor hun daden". In oar draacht 250 euro by: "Beslist geen opzet! Ze staan wel voor de schade!", sa motivearret dy persoan syn donaasje.

Doel ûnbekend

De donearaksje stiet op namme fan 'Ut giet net altiid sa ut mut'. Wa't der krekt achter de donearaksje sit of sitte, is net dúdlik. Wêr't it jild krekt hinne giet, wurdt ek net dúdlik op de donearside. Sa wurdt der net fermeld oft it bedoeld is om bygelyks de skea yn it doarp te fergoedzjen of foar eventuele proseskosten foar de fertochten.
De plysje seit snein mei klam dat it foar harren noch gjin útmakke saak is dat der gjin sprake wie fan in moedwillige aksje. Der lizze op it stuit wol oanklachten foar poging ta mishanneling tsjin de manlju. It Iepenbier Ministearje moat der noch oer te set wêr't de tolve krekt as lêst foarlein wurdt.