FIDEO: Dokkumer alpineskyer Carsten Nienhuis (17) dreamt fan Olympyske Spelen

Wat Frysk sukses op de Olympyske Winterspelen oanbelanget binne we de lêste jierren hiel wat wend, mar dat wie dan altyd op it iis. As it oan Carsten Nienhuis fan Dokkum leit hawwe we ynkoarten ek Frysk sukses op de pyste. De 17-jierrige alpineskyer hat syn fizier nammentlik rjochte op de Spelen fan 2026 yn Milaan.
Dokkumer alpineskyer Carsten Nienhuis (17) dreamt fan Olympyske Spelen
Nienhuis ferhuze yn 2011 fan Fryslân nei Eastenryk. "Skiën is in Oostenrijk zoals het voetbal en schaatsen in Nederland. De eerste dag dat ik daar op school kwam zeiden ze: 'je moet bij een skiclub, dus kom er maar bij'. Bij de eerste training bleek eigenlijk al dat ik het wel aardig goed kon", fertelt Nienhuis.
"Meteen bij mijn eerste wedstrijd in Flachau werd ik vierde van de 25. Toen stond iedereen al te kijken: hoe kan dat? Een Nederlander die nog maar net skiet. Dat was voor mij een eyeopener: ik ben hier goed in en ik ga hier mee door. Dan zien we wel hoe het gaat", seit de Dokkumer.

Weromferhuze

De skyer is yntusken mei syn famylje weromferhuze nei Dokkum, mar woe fansels net ophâlde mei it skyen. "Daarvoor ben ik eigenlijk van september tot eind april continu in Oostenrijk", seit Nienhuis, dy't op it stuit fanwegen de krystfakânsje wol yn Dokkum is.
De jonge sporter dreamt fan de Olympyske Spelen. "2022 was eigenlijk altijd mijn doel, maar vorig jaar liep niet helemaal zoals gepland. Dus daarom heb ik eigenlijk al wel besloten om voor de volgende te gaan. Dat is 2026. Dat doel is dus een beetje veranderd, maar het zijn nog steeds de Olympische Spelen en 2026 is een reëel doel", seit Nienhuis.
© Twitter: Carsten Nienhuis
Carsten Nienhuis oer syn dream