Leeuwarder Courant wurket tenei gear mei NRC en Telegraaf

De Ljouwerter krante wurket tenei gear mei de NRC en de Telegraaf foar it nasjonale en ynternasjonale nijs. Dat meldt de haadredaksje yn de krante fan sneon. De ôfrûne acht jier hie de krante in gearwurking mei it Algemeen Dagblad en it Parool.
© ANP
Oan dy gearwurking komt in ein, no't de Noordelijke Dagblad Combinatie, dêr't de Leeuwarder Courant ûnder falt, oernommen is troch útjouwerij Mediahuis. Mediahuis is ek de útjouwer fan de Telegraaf en de NRC.
De haadredaksje meldt fierder dat boppe-oan stiet dat de redaksje har eigen kar makket, en har eigen sjoernalistike noarms en wearden hantearret.