Schulting oppermachtich op earste dei NK allround, ek De Vries en De Laat op koers

02 jan 2021 - 16:30

Shorttrackers Suzanne Schulting fan It Hearrenfean, Rianne de Vries fan Akkrum, Itzhak de Laat fan Ljouwert en Daan Breeuwsma fan Akkrum hawwe de earste dei fan it NK allround yn Thialf flaterleas oerlibbe. Schulting wûn sels al har races. Titelferdigener Sven Roes fan Gytsjerk en Sjinkie Knegt fan Bantegea rûnen op de 1.500 meter averij op.

Foto: Orange Pictures

Op it NK allround ride de manlju en de froulju in 500, 1.000 en 1.500 meter. Yn de finalen binne punten te fertsjinjen foar it klassemint. De rider mei de measte punten is de nije Nederlânsk kampioen. Yn 2020 giene dy titels nei Sven Roes en Suzanne Schulting.

Dêrneist leit der foar de winner in ticket foar it EK shorttrack klear. Itzhak de Laat en Suzanne Schulting binne al pleatst foar dat EK.

Op de earste dei stiene de kwartfinalen op de 500 en 1.000 meter, en de heale finalen op de 1.500 meter op it programma. Op de earste ôfstân, de 1.000 meter, lieten Dennis Visser fan De Lemmer, Hessel van Berkum fan Stiens, Femke de Boer fan Stiens en Anne-Floor Otter fan It Hearrenfean direkt al stekjes falle. Sy hellen de heale finalen net. Otter, dy't lêste waard yn har race, gie dêrnei ek net mear fan start.

Op de koarste ôfstân wiene it Jasper Brunsmann fan Toppenhuzen en Van Berkum dy't al yn de heats útskeakele waarden. Visser kaam de heats noch wol troch, mar waard yn de kwartfinale lêste en giet dus net troch nei de heale finalen op snein. Ek De Boer waard by de froulju útskeakele yn de kwartfinale.

Knegt krijt straf

Knegt ried oant de lêste race fan de dei noch flaterleas, mar op de 1.500 meter krige de olympysk medaljewinner in straf. Dêrtroch mei hy de finale op snein net ride. Roes gie op dyselde ôfstân ûnderút en ried de race dêrtroch net út. Visser, Van Berkum en De Boer einigen net by de bêste trije en binne dus feroardiele ta de B-finale.

De oare noch dielnimmende Friezen kwalifisearren harren wol foar de finale op de 1,500 meter. Schulting wûn har heale finale en wûn dêrmei al har races fan sneon.

Op snein stean de finalen op de 500, 1.000 en 1.500 meter op it programma en wurde de punten foar it klassemint ferdield.

(Advertinsje)
(Advertinsje)