Frijwilligers Reade Krús ynset by Covid-hûs op It Hearrenfean

02 jan 2021 - 16:05

By it coronasintrum op It Hearrenfean wurde frijwilligers fan it Reade Krús ynset om it fersoargjend personiel te ûnderstypjen. It personiel hat it sa drok mei de soarch dat se net takomme oan persoanlik kontakt mei de minsken.

Frijwilligers Reade Krús ynset by Covid-hûs

Jeremy Meinsma is frijwilliger by it Reade Krús en wurket sûnt de krystdagen yn it Covid-hûs. "Normaal gesproken helpen wij bij evenementen als de Nijmeegse Vierdaagse. Het Rode Kruis is er voor noodhulp en met onze hulp kunnen we de zorg in het Covid-huis wat verlichten", seit Meinsma.

De frijwilligers drinke mei de bewenners in kopke kofje, dogge in spultsje of meitsje in praatsje. Allegearre taken dêr't it soarchpersoniel net oan ta komt, mar wat krekt sa belangryk is foar de minsken.

'Woon-leef-assistent'

It fersoargjend personiel is dan ek tige wiis mei de help fan de frijwilligers, sa seit 'woon-leef-assistent' Janneke van Minnen. "Wy ha fansels net in soad tiid en net in soad personiel, dus dat komt foar ús gewoan hiel goed út." Ek foar de minsken yn it hûs is it moai dat de frijwilligers helpe kinne.

"Wy fernimme gewoan dat it de bewenners hiel goed docht dat der mear minsken binne. Der binne mear sosjale kontakten. Minsken binne hiel iensum, dan is dat foar dizze minsken hiel moai", seit Van Minnen.

Frijwilliger Jeremy (rjochts) - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Frijwilliger Jeremy Meinsma & Koördinator Janet Terpstra

Klusterhaad Eileen van Ligten sjocht dat it personiel mear ûntspannen is. "Ze kunnen er 's avonds nog wel van wakker liggen dat ze de tijd hebben gehad om iedereen de nodige zorg te geven, maar net niet toegekomen zijn aan dat beetje aandacht." De frijwilligers nimme de 'maklike' taken oer fan it soarchpersoniel, mar sa sjocht Van Ligten dat net. "Het lijken misschien makkelijke taken, maar het zijn heel erg belangrijke taken om ook de aandacht aan de mensen te geven en daar de tijd voor te kunnen geven."

Beskermje

Foardat Jeremy it Covid-hûs yn giet, moat hy beskermjende klean oandwaan om sels net besmet te reitsjen. De earste kear dat hy der wie, fernaam hy dochs in bytsje spanning. "In het begin had ik wel even dat ik een keer slikken moest en me bij het eerste niesje wel zorgen begon te maken. Maar je voelt je wel veilig als je in het pak rondloopt. Het geeft een veilig gevoel", seit hy.

It Reade Krús hat in skoft lyn in oprop dien foar frijwilligers foar ûnder oaren dit soarte projekten. Dêr binne 85 nije frijwilligers út kaam. Neist it coronasintrum op It Hearrenfean is der ek help yn it Talmahûs yn Feanwâlden. Fan nije wike ôf komt it Visiohûs yn Burgum der ek by.

Klusterhaad Eileen van Ligten & woon-leef assistent Janneke van Minnen

(Advertinsje)
(Advertinsje)