RIVM: 288 nije coronabesmettingen fêststeld, fjouwer stjergefallen

02 jan 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 288 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne 29 mear as freed, doe't 259 gefallen meld waarden. It deistige tal meldingen kin aardich skommelje en dat hat te krijen mei de feestdagen. Yn trochsneed wurde de ôfrûne wike alle dagen 231 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Ljouwert (61). Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 48. Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel fjouwer nije stjergefallen meld, dat giet om in ynwenner fan Achtkarspelen, in ynwenner fan Noardeast-Fryslân, in ynwenner fan Dantumadiel en in ynwenner fan Waadhoeke.

In ynwenner fan de gemeente Ljouwert rekke yn it sikehûs mei in coronabesmetting.

Lanlik binne der sneon 8.630 besmettingen fêststeld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)