Cambuur Sjoernaal: Yn Eindhoven op jacht nei de twadde perioadetitel

Nei in tige koarte winterstop set SC Cambuur snein alwer útein mei it twadde part fan it seizoen. Yn it Jan Louwers Stadion is FC Eindhoven de tsjinstanner. De Ljouwerters misse yn elts gefal twa spilers troch corona en dêrneist is der noch in oantal blessearden. Mei de spilers dy't wol foarhannen binne, kin Cambuur samar de twadde perioadetitel winne. Dêrfoar is it wol ôfhinklik fan de konkurrinsje. We sjogge derop foarút yn it nije Cambuur Sjoernaal.
Besjoch it hjir:
-