Plysje hâldt yn Ljouwert twa bestjoerders oan foar riden ûnder ynfloed

02 jan 2021 - 13:28

De plysje hat sneontenacht sawol yn de Vredeman de Vriesstraat as yn de Valeriusstraat yn Ljouwert bestjoerders oanhâlden dy't ûnder ynfloed rieden. Ien fan harren knalde tsjin de stoepe op doe't se de auto stilsette woe.

Drankride - Foto: Shutterstock.com

Krekt foar ienen foel in bestjoerster yn de Vredeman de Vriesstraat op fanwegen har slingerjend rydgedrach. Doe't se de auto oan de kant sette, rekke se de stoepe, wêrtroch't har bân leechrûn.

Ut in blaastest fan de plysje die bliken dat se ûnder ynfloed wie fan alkohol. Ut in flibetest kaam nei foaren dat se ek kokaïne brûkt hie. Op it plysjeburo waard de frou in bloedtest ôfnaam. Se hat in rydferbod fan 24 oeren oplein krigen.

Letter dy nacht hold de plysje yn de Valeriusstraat yn de Fryske haadstêd in 40-jierrige Ljouwerter oan. Ut in flibetest die bliken dat dizze man ek ûnder ynfloed fan kokaïne wie. Ek hy krige in rydferbod fan 24 oeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)