Bewenners keare werom nei Herbergier Dronryp: "Dat is hun vertrouwde omgeving"

02 jan 2021 - 13:09

De bewenners fan it wensoarchsintrum de Herbergier yn Dronryp dêr't freedtenacht brân wie, kinne harren apparteminten noch net yn, mar se binne sneontemiddei wol opfongen yn de wenkeamer yn it gebou. En dat is wichtich, leit eigeneresse Sofie Tebbe út, om't it minsken mei demintens giet en dy hawwe grut ferlet fan in fertroude omjouwing. "Herkenbaarheid is belangrijk als je een vorm van dementie hebt."

Foto: CAMJO media

De bewenners binne bot skrokken, fertelt Tebbe. Se runt de Herbergier tegearre mei har man, dy't op it stuit noch mei ferwûnings yn it sikehûs leit. "Het gaat naar omstandigheden goed met de bewoners." Se wurde troch meiwurkers opfongen yn de algemiene wenkeamer yn it wensoarchsintrum. "Wij krijgen ook heel veel hulp van families die hun familieleden even ophalen en hen thuis geruststellen."

En dat is hiel wichtich, neffens Tebbe: "Ze zijn geëvacueerd en dat is voor iedereen heel heftig." It kin yngewikkeld wêze om demintearjende âlderein gerêst te stellen en út te lizzen wat der bard is. "Gelukkig hebben wij een vast team, met herkenbare medewerkers voor de mensen die er wonen. Met warmte en aandacht zullen zij hun uiterste best doen om onze mensen weer rustig de dag door te laten komen."

Fertroude omjouwing

De bewenners hawwe nei sa'n yngripend foarfal benammen ferlet fan in fertroud plak en dêrom wie it ekstra wichtich dat se sneon fuort wer harren eigen hûs yn koene. "Dat is hun vertrouwde omgeving. Mensen komen hier met hun eigen vertrouwde spulletjes. Herkenbaarheid is belangrijk als je een vorm van dementie hebt." Dêrom wurde de bewenners earst opfongen yn de wenkeamer, om't se noch net nei harren apparteminten kinne.

Ien bewenner en Tebbe har partner komme sneontemiddei werom út it sikehûs, de oare ferwûne bewenner moat noch yn it sikehûs bliuwe. "Die is kritiek op dit moment."

Undersyk

In skjinmakbedriuw is op it stuit yn it spier om it gebou skjin te meitsjen. Sadree't dat dien is, kinne de bewenners harren apparteminten wer yn. De technyske resjerzje docht op it stuit ûndersyk nei oarsaak brân. Wat de brân feroarsake kind hawwe soe, kin Tebbe ek noch neat oer sizze. "Wij hebben geen idee wat er gebeurd zou kunnen zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)