Omrop TIP: de berchrede fan it flakke lân, diel 2

02 jan 2021 - 10:14

Yn de maitiid fan 2020 rekke de maatskippij ferlamme troch corona. Fryslân DOK betocht de searje 'De berchrede fan it flakke lân', oer de wrâld néi de coronakrisis. No't it lân yn in lockdown sit, wurdt dizze searje nochris útstjoerd. Sneon diel twa mei Theunis Piersma en Greet Andringa.

Yn diel twa litte Andringa en Piersma de gedachten en idealen dwale oer it flakke lân. Op filmyske wize besiket Fryslân DOK dy fisy's te fangen en te ferbyldzjen, ûnder it motto: 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed'.

Bart Kingma docht de ynterviews, Jan Bensliman en Albert Jensma it kamerawurk. De ynterviews mei de skriuwers binne ek te beharkjen as podcast: 'Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân'. De tekst fan de essays wurdt publisearre troch it tydskrift De Moanne.

Greet Andringa en Bart Kingma yn 'e tún - Foto: Omrop Fryslân

Greet Andringa is PRI-terapeut (Past Reality Integration). Har útgongspunt is: as wy twongen wurde om stil te stean, stean dan ek écht efkes stil. Sykhelje, en nei dysels harkje.

Andringa: "Frijút sykhelje: wat in genot! De lucht rêstich yn en út jo longen streame litte. Sa gewoan, sa fan it begjin ôf by ús, dat we al lang fergetten binne derby stil te stean. Yn- en útstreamende lucht. Skjinnere lucht. En dat jout hoop. As wy it in toskje minder dogge, gewoan stilstean en sykhelje, wurdt ús omjouwing, de loft, it wetter ek wier skjinner. It hat sin en it is mooglik."

Theunis Piersma is al fjirtich jier biolooch. As heechleraar trekfûgelekology lit hy faak fan him hearre as it giet om de efterútgong fan de greidefûgels. Hy makket him grutte soargen oer de ekology fan de wrâld, oer klimaatferoaring. Piersma pleitet yn syn 'berchrede' foar it frij tagonklik meitsjen fan âlde kuierpaden yn it boerelân: "Ynspirearre troch de 'public foodpaths' fan de Britten, it 'allemansrecht' fan de Sweden, en it Beerda-kuierpaad troch de greiden fan de Ruterpolder by Drylts, dream ik fan in frij Fryslân.

Theunis Piersma (l) en Bart Kingma - Foto: Omrop Fryslân

Fan in Fryslân dêr't it boerelân wolkom en freonlik is, sûne romte jout oan minsken en oar libben. Dêr't wy ússels ferbine mei natuer, mei de grûn, de ierde. In boerelân dêr't wy mei in gerêst hert djip sykhelje kinne (en dat in prima alternatyf is foar bûtenlânske fakânsjes). Witte jimme it noch, dy treast fan de natuer, it gelok fan it ien wêzen mei lûden, kleuren en geuren? En wolle we gjin romte foar frijende steltsjes yn heal-meter-heech-gers-mei-blommen?"

Diel 2, Greet Andringa en Theunis Piersma op telefyzje:

  • Sneon 2 jannewaris 2021, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling)
  • Snein 3 jannewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Yn diel ien fan 'De berchrede' Ineke van Gent, boargemaster fan Skiermûntseach, en kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof.

(Advertinsje)
(Advertinsje)