Plysje op syk nei smiter molotovcocktail yn Dronryp

02 jan 2021 - 11:10

Op de Puoldyk yn Dronryp binne freedtejûn molotovcocktails smiten. Dêrtroch lei de dyk fol mei glêsskerven en brânstofresten. Op de Facebookside fan it doarp wurdt skreaun oer twa jonges fan sa'n 13 jier âld dy't troch omwenners oanhâlden binne.

Foto: Shutterstock

De jonge jonges soene op in blauwe skelter mei oanhinger riden hawwe, mei dêryn in jerrycan en in wurklampe. Se waarden steande hâlden troch doarpsbewenners, mar dy lieten de jonges dêrnei wer gean.

De twa soene net de haadfertochten wêze, mar wiene der wol by belutsen. Twa jonges dy't mooglik wat âlder binne, fytsten hurd fuort. De plysje is no op syk nei de twa âldere jonges op de fyts, ek yn ferbân mei oare meldingen út it doarp wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)