Fertochten fan eksploazje De Jouwer frijlitten; wolle skea fergoedzje

De tolve persoanen dy't oanhâlden binne foar belutsenens by in eksploazje op 'e Jouwer op âldjiersjûn binne wer frijlitten. Se hawwe ferklearre dat it net mei opsetsin wie en sizze de ûntstiene skea fergoedzje te wollen. By de ûntploffing, feroarsake troch in karbidkanon, rekken in hotel en in wenhûs flink skansearre. De skea rint yn de tsientûzenen euro's.
De ruten fan hotel Anne-Klare op De Jouwer binne sprongen © De Vries Media
Yn it sintrum fan De Jouwer oan de Tolhûswei waard op âldjiersjûn in karbidkanon ôfsketten. Dêrby sprongen de ruten fan Hotel Anne-Klare. Ek it wenhûs fan de eigener oan de oare kant fan de strjitte rûn skea op, krekt as de pannen fan 't Stokertje en de biowinkel.
De fertochten binne tolve manlju: ien fan 27 jier âld, ien fan 23, ien fan 22, seis fan 21 en trije fan 20. Alve fan harren komme út de gemeente De Fryske Marren en ien komt fan gemeente Hearrenfean. Se sizze dat se gjin kwea yn it sin hiene. It karbidkanon dat sy ferfierden, gie ôf yn it doarp. Dêrtroch ûntstie der flinke skea.

Bot oandien

De eigener fan it hotel, Ardi Anker, is bot oandien troch it hiele gebeuren. Hy hat oanjefte dien by de plysje. Dêr trof hy ek de mannen dy't ferantwurdlik binne foar de died, mar hy hat net mei harren praat.
Anker wol harren letter graach útlizze wat se him en oaren oandien hawwe en dat se dêr de ferantwurdlikheid foar nimme. Mar hy hopet ek dat se der net noch jierren lêst fan hawwe sille. Neffens him is dat no fierder oan justysje.

Frijlitten

De tolve melden harsels op nijjiersdei op it plysjeburo fan De Jouwer. Se sieten fêst om heard te wurden, mar binne yntusken wer op frije fuotten steld. De plysje docht no ûndersyk nei de saak. It Iepenbier Ministearje bepaalt dêrnei wêr't de tolve krekt fan fertocht wurde en wat de oanklacht wurdt. De manlju wachtsje thús it proses ôf.
Neffens plysjewurdfierder Tessel Horsman fielt it tolvetal him ferantwurdlik foar harren 'ûnbedoelde die' en wie it net harren bedoeling om sa'n soad skea te feroarsaakjen. It sprekt neffens Horsman yn harren foardiel dat se harsels melden ha. It tolvetal seit ree te wêzen de skea te fergoedzjen.
It karbidkanon is yn beslach naam en wurdt ferneatige.