Wêrom binne minsken agressyf tsjinoer helpferlieners? In psycholooch leit út

02 jan 2021 - 08:43

Hoe krije minsken it yn 'e plasse om geweld te brûken tsjin helpferlieners? Dy fraach is nei in op guon plakken ûnrêstige âldjiersnacht wer tige aktueel. De brânwacht en plysje moasten op tsientallen plakken yn aksje komme en waarden dêrby somtiden flink tsjinwurke. "Het is best wel verklaarbaar, maar daarmee niet acceptabel", leit pyschologe Irma van Steijn út.

Irma van Steijn - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens Van Steijn spylje der trije psychologyske faktoaren mei as we sykje nei in ferklearring foar it opstannige gedrach fan minsken tsjinoer helpferlieners. Ten earste: "Als we ons vervelen en er zijn weinig prikkels, dan gaan we dingen doen die niet mogen, want dat is spannend", ferklearret Van Steijn.

Yn ferbân mei de coronamaatregels wiene feestjes en gearkomsten net tastien en ek fjoerwurk mocht net ôfsketten wurde. Yn dat opsicht wie der net in soad te belibjen.

Van Steijn: "Daarnaast zijn emoties besmettelijk. Je ziet veel kopieergedrag." Minsken dogge dus nei wat se om harren hinne sjogge, mar ek wat der op it ynternet en yn de media bart.

Oanpasse is dreech

Wat neffens Van Steijn ek meispilet, is dat minsken it dreech fine om har oan te passen. "Er is angst voor het virus en we moeten ons aanpassen. Hoe moeilijker het is om je aan te passen, bijvoorbeeld omdat je vrijheid wordt beperkt, hoe defensiever we worden."

We wurde dus agressiver. Ek al is de helpferliener yn dat gefal in bekende of sels in famyljelid, dy persoan wurdt net mear sjoen as diel fan dyn groep, mar as dejinge fan wa'tst eat net meist, leit Van Steijn út. Dêr bist dan blyn foar. "Daar gaan we dan behoorlijk tegenin."

Dy trije psychologyske faktoaren binne lykwols net de ferklearring dy't relskoppers sels jouwe foar harren gedrach. "Het is niet hun bedoeling om iemand te slaan. Ze zijn gefrustreerd en willen lol trappen." As minsken dan sjogge dat ien fan harren eigen groep oanfallen wurdt, wekt dat noch mear agresje op. Yn kombinaasje mei alkohol leit negatyf gedrach dan op de loer.

Wichtichste minsken yn groep beynfloedzje

Mar hoe moatst dan tsjin sokke minsken optrede? In goed foarbyld fynt Van Steijn boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen dy't de konneksje socht mei boargers yn stee fan de finger nei harren te wizen. "Hij is gaan praten en niet over mensen heen gaan tetteren met wat niet mocht."

Brouwer socht neffens Van Steijn de ynfloedrykste minsken yn groepen op en lei harren út dat gewelddiedige situaasjes net winsklik binne. "Je moet naast mensen komen staan en hen willen begrijpen. Als je de belangrijkste mensen in een groep beïnvloedt, gaan zij weer de rest beïnvloeden", beslút Van Steijn.

Psychologe Irma van Steijn leit út

(Advertinsje)
(Advertinsje)