Kollum: "'Het blijft mensenwerk'"

02 jan 2021 - 08:20

"It is einliks 2021. It jier wêryn't we allegearre wer in stapke yn de rjochting nei 'gewoan dwaan' sille. Hooplik kinne de troch bange minsken sa bejubele mûlekapkes foar altyd yn it jiskefet ferdwine. Hooplik sil it kabinet syn ferantwurdlikheid nimme en ôftrede omdat elts oar kabinet dat ek dien hie nei oanlieding fan it skandaal fan de taslaggen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

It jier 2020 lit mondiaal en lokaal djippe groeden nei. Polarisaasje wie ien fan de fenomenen dy't yn tiden fan ûnwissichheid tige fruchtbere grûn fûn om ta grutte hichten te groeien. It midden, dêr't meastal de wierheid te finen is, like folslein bûtenspul te stean. Neffens my hat hast eltse Nederlanner wol mei ferbaal geweld te krijen hân, is it net yn fysike foarm dan wol digitaal.

Soks is eins te gek foar wurden. Dat we yn in drege tiid net elkoar opsykje, mar linerjocht tsjin elkoar oer stean geane. It al as net terjochte tichtsmiten fan plakken dêr't we inoar gewoanwei moetsje hat dêryn ek net holpen. It terras, de kroech, it stadion, it teäter, de tsjerke, it doarpshûs, it skûtsjesilen. Plakken dêr't we gewoanwei ferbining fine, wienen ticht. Minsken sieten harren thús te ferbiten en lieten de frustraasje dêroer net besinke.

Fan dei ien fan de pandemy ôf wie wol helder dat we net út de ellinde komme soenen as der net in medisyn tsjin it firus útfûn waard. Al de rest fan wat der betocht is, besprutsen is, analysearre is, troch politisy, gelearden en BN'ers yn talkshows bejeuzele is, it hat gjin wearde mear. It wie inkeld behang, it opfoljen fan de tiid dy't der nedich wie om in faksin te ûntwikkeljen.

Yn dy tiid dy't dêrfoar nedich wie, binne in soad minken slachtoffer wurden. Direkt, dus troch oan de sykte te ferstjerren, mar ferjit ek de yndirekte skea net. Dy sille we noch hiel lang fernimme. In protte winkels, ferienings, eveneminten en saken dy't wy in jier lyn as fanselssprekkend beskôgen, sille grutte muoite ha om de fuotten wer ûnder it gat te krijen. Lang net alles dat der wie, sil wer weromkomme.

Hienen we it dan oars dwaan moatten? Ja, grif. Mar der is no in medisyn. En der is in wrâld oan ynformaasje dêr't we hooplik yn de takomst in soad mei dwaan kinne by in nije oanfal op ús 'normaal'. Sille we dan alles better dwaan? It soe moai wêze, mar in goede freon fan my seit by ditsoarte grutte kwestjes altyd: 'Het blijft mensenwerk'. En se hat gelyk.

Ik hoopje dat de measten fan jim in better 2021 ha as 2020. Net allegearre? Nee, dat sil net slagje. Dêrfoar wie de ferwidering spitigernôch te grut yn it ôfrûne jier. Ek dat is in gegeven dêr't we mei fierder moatte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)