Soarchsintrum yn Dronryp ûntromme nei brân; trije ferwûnen

By in brân yn soarchbuorkerij Herbergier yn Dronryp binne freedtenacht trije minsken ferwûne rekke. Twa bewenners rekken ferwûne en binne nei it sikehûs ta brocht. Ien fan harren is yn kritike tastân. De tredde ferwûne is de eigener fan Herbergier, dy't mei lichte klachten nei it sikehûs gien is. Yn de soarchbuorkerij yn Dronryp wenje demintearjende âlderen.
Soarchsintrum yn Dronryp ûntromme nei brân; trije ferwûnen
De brân ûntstie om 4.00 oere hinne yn in appartemint op de earste ferdjipping. Troch de slimme reekûntwikkeling waarden de tolve bewenners gau evakuearre en opfongen yn in gebou dêrneist. Under oare in traumahelikopter út Amsterdam waard oproppen. De brân wie gau ûnder kontrôle. Yn de rin fan de moarn koene de bewenners wer werom nei harren appartimenten.
Twa bewenners wiene der sa slim oan ta dat se fuortendaliks nei it sikehûs brocht binne. Ien fan harren leit noch altyd yn it sikehûs. De oare bewenner en de eigener meie sneontemiddei wer nei hûs ta.
Boargemaster Marga Waanders fan gemeente Waadhoeke neamt it in "tryst begjin fan it nije jier". Se hat grutte soarch oer de bewenners dy't no yn it sikehûs lizze.
Waanders, dy't sneontemoarn sels yn Dronryp wie, hie graach mei de bewenners prate wold, mar om't yn earste ynstânsje tocht waard dat ien fan de ferwûne bewenners besmet wie mei it coronafirus, hie se dat net dien. "Dat like me net ferstannich."
Personiel fan de brânwacht en ambulânse dat mei de ferûnderstelde covidpasjint yn kontakt west hie, waard op 'e hichte steld en yn karantêne pleatst. Letter die lykwols bliken dat de bewenner al earder corona hân hie en yntusken alwer genêzen wie.
Sofie Tebbe, eigeneresse fan Herbergier Dronryp, oer de brân