Fytsalvestêdetocht, PC en Hynstekeuring geane yn 2021 altyd troch

Fytst wurdt der yn Fryslân dit jier, dat is wis. De Fytsalvestêdetocht koe yn 2020 net trochgean yn de gebrûklike foarm, mar foarsitter Stephan Rekker fersekeret dat der dit jier wat gebeurt. As it net op de tradisjonele pinkstermoandei kin, dan op in oare wize.
De Fytsalvestêdetocht yn it sintrum fan Boalsert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Stephan Rekker oer de plannen foar 2021
"Je moatte posityf bliuwe", seit Rekker. "Ek yn muoilike omstannichheden. Dat wurdt fan ús ek ferwachte, mar ik bin it fan mysels ek wol." Dochs hat sels Rekker wolris baald it ôfrûne jier. "Je wolle dingen organisearje en realisearje. Mar yn 2021 geane we dertsjinoan."
Yn 2020 wie it net mooglik om mei de coronabeheiningen in echte Fytsalvestêdetocht te hâlden. Dielnimmers koene firtueel meidwaan. "We ha sein: we dogge wol wat, want neat dwaan sit ús net yn it bloed."

Doel om te trainen

Mocht de tradisjonele Fytsalvestêdetocht op pinkstermoandei yn 2021 ek net trochgean kinne, dan hat de organisaasje in alternatyf. "Want dielnimmers moatte ek in stip op de hoarizon ha, dat se wat ha om foar te trainen. We fine it belangryk dat minsken yn beweging bliuwe en in doel ha om te trainen."
Der binne plannen om in app te ûntwikkeljen. Brûkers ha dan yn totaal njoggentjin oeren de tiid, minsken kinne sels bepale wannear en wêr't se de kilometers fytse. "Dan kinst ek by stimpelposten delfytse, dan krijst in elektronyske stimpel. Kinst gewoan trochfytse." De ûntwikkeling fan de app is oan de gong.

PC hopet op faksins

Net allinnich it fytsen giet troch, ek de belangrykste keatspartij wurdt dit jier holden. Dat seit PC-foarsitter Ids Hellinga. "Yn 2021 is der gewoan in PC, punt. Der is ljocht oan de ein fan de tunnel, no't der inte wurde kin."
It Sjûkelân yn Frjentsjer © Orange Pictures
Ien PC dy't net trochgiet is al slim genôch, mar twa sil ús net gebeure.
PC-foarsitter Ids Hellinga
Hellinga tinkt dat de PC holden wurde kin op de fiifde woansdei fan july, dus op 4 augustus. "Dat moat passe kinne." Mar ek as it dan net slagget, dan noch komt der in PC. "Ferline jier ha we al alderhande senario's betocht, dy lizze ek klear foar 2021. We ha it leafst in PC mei alles derop en deroan: folle tribunes, resepsje, in toer mei de koets. Dus mocht 4 augustus oan de betide kant wêze, dan tinke we earder oan in letter momint as dat we heal wurk leverje."
Mar hy giet dus troch: "Ien PC dy't net trochgiet is al slim genôch, mar twa sil ús net gebeure. Wat dat oanbelanget steane we der frij stellich yn as kommisje."

Hynstekeuring sûnder publyk

Hellinga is ek direkteur fan it KFPS, it hynstestamboek. De Hynstekeuring is al oer twa wiken, mar ek dy giet gewoan troch. "It hat wol in oare opset. Sûnder publyk, gjin Friesian Proms, mar it keuringsgebeuren moat gewoan trochgean. Je selektearje, je fokke. Dat is it belangrykste."
De jierlikse Hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Foardiel is dat elkenien it thús wol folgje kin. "It moat sûnder publyk, mar we stjoere it ek út by de Omrop. De oare jierren sieten der ek al fjouwer of fiif kear safolle minsken foar de telefyzje as dat yn it WTC sieten. We sille besykje dat minsken thús it ferskil sa min mooglik sjogge."
En de hynders, misse dy it publyk net? Dêr sit Hellinga net oer yn. "Dy litte har wol goed sjen."