Tolve minsken oanholden foar eksploazje De Jouwer; hoteleigener wol mei se prate

01 jan 2021 - 21:19

In groep fan tolve minsken is oanholden foar belutsenens by de eksploazje op 'e Jouwer op âldjiersjûn. By de ûntploffing, feroarsake troch in karbidkanon, rûnen in hotel en in wenhûs in soad skea op.

Eksploazje yn sintrum fan De Jouwer

Alle tolve minsken ha harsels meld op it Jouster plysjeburo. Se sitte no fêst en wurde heard oer it ynsidint. De plysje oerleit mei justysje om te bepalen wêr't de tolve minsken krekt fan fertocht wurde. It is noch net bekend oft de tolve nei it ferhearren wer frijlitten wurde of yn de sel sitten bliuwe.

Oanslach

"Eigenlijk is het een wonder dat er geen doden zijn gevallen", sei Ardi Anker fan it hotel nei de eksploazje. Sels tocht er dat it in kweajongesstreek wie. "Maar politie en justitie zeggen dat ik het niet zo kan noemen. Ze zeggen dat het echt een aanslag is."

Foto: De Vries Media

Anker hat der in dûbeld gefoel oer. "Aan de ene kant moeten ze goed beseffen wat ze hebben gedaan en moet de schade worden vergoed. Maar ik zou het ook vervelend vinden als het ze jarenlang achtervolgt." Hy wol graach mei de fertochten yn petear.

En ik kon de huur al niet betalen.

Ardi Anker, eigener fan it hotel

De skea troch de ûntploffing rint yn de tsientûzenen euro's. De útbater fan it hotel oerleit mei belutsenen oer hoe't de skea fergoede wurde kin. Om't Anker syn gasten nijjiersdei ôfsizze moast, rint de skea noch heger op. "En ik kon de huur al niet betalen."

Net allinnich it hotel hat skea, ek in wenhûs en gebouwen fan kachelhûs 't Stokertje en in biowinkel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)