Britske fariant coronafirus fêststeld yn Fryslân

01 jan 2021 - 21:01

Yn Fryslân is in besmetting fan de Britske fariant fan it coronafirus fêststeld. De besmetting kaam oan it ljocht by in stekproef. Dat seit de GGD Fryslân.

Foto: Shutterstock.com / ffikretow

Jaap Erik Pijlman fan de GGD oer de nije fariant

Dizze fariant wurdt de 'Britske fariant' neamd omdat de mutaasje dêr foar it earst fêststeld is. Der is noch in soad ûndúdlik oer. Ut de earste ûndersiken yn Ingelân liket it derop dat it besmetliker is en dat it firus him dêrom ek hurder ferspriedt. Wa't dizze fariant krijt, wurdt der net siker fan as it type dat him it earst oppenearre. De persoan yn Fryslân mei de Britske fariant hat ek mar twa dagen siik west, seit Jaap Erik Pijlman fan de Fryske GGD.

De nije fariant komt oan it ljocht by stekproeven. Pijlman: "De monsters die worden afgenomen bij het laboratorium, gaan naar het RIVM. Daar worden steekproeven afgenomen en daaruit kwam dat deze variant nu voor het eerst in Fryslân is vastgesteld."

Undersyk nei link mei eardere gefallen

En hoewol't de fariant mooglik besmetliker is, is dat neffens Pijlman net in ferklearring foar it hegere tal besmettingen fan de lêste wiken. De maatregels dy't al sûnt maart jilde om it coronafirus te bestriden, lykas ôfstân hâlde en faak hannen waskje, binne neffens Pijlman ek foldwaande tsjin de nije fariant.

Foar it boarne- en kontaktûndersyk by de persoan om wa't it giet, wurdt spesifyk sjoen nei in mooglike link mei de al bekende besmettingen yn Amsterdam, Rotterdam en it Feriene Keninkryk. De GGD makket om privacyredenen net bekend yn watfoar Fryske gemeente de Britske fariant fêststeld is.

15 gefallen yn Nederlân

Op âldjiersdei melde minister Hugo de Jonge dat de nije fariant by fyftjin minsken yn Nederlân fûn is. Yn de regio Rotterdam binne njoggen gefallen yn ferbân brocht mei in basisskoalle. Yn Amsterdam binne fiif gefallen, fjouwer dêrfan binne by meiwurkers fan it sikehûs Amsterdam UMC. Yn Nijmegen is it firus oantroffen by in reizger dy't weromkaam út Ingelân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)