Twa coronagefallen by Cambuur foar útwedstriid tsjin Eindhoven

01 jan 2021 - 16:36

Sportklup Cambuur hat foar it útduel mei Eindhoven fan kommende snein te krijen mei twa coronagefallen yn de seleksje. Dochs soarget dat neffens haadtrainer Henk de Jong net foar panyk by de klup: "Wy meitsje ús der fierder net sa drok om, it heart by dizze tiid. It is fansels wol ferfelend foar de jonges dêr't it om giet, mar foar it duel tsjin Eindhoven hâlde wy genôch spilers oer. Wy ha in prachtige ploech." Om hokker spilers it giet, makket de klup fanwege de privacy net bekend.

Trainer Henk de Jong oer de wedstriid tsjin Eindhoven

De Ljouwerters binne ôfrûne moandei wer begûn, nei in hiele koarte winterstop. "Dy pear dagen frij ha ús goed dien, fyn ik", seit Henk de Jong. "Ik bin net gek, ik seach ek wol dat it fuotbal de lêste wedstriden wat minder wie. Mar we ha wol de punten pakt, en dat bliuwt it belangrykste."

Ek oanfierder Erik Schouten wie bliid mei de frije dagen: "Zo'n korte winterstop is raar, maar ook wel lekker. Sowieso om even de druk eraf te halen, dat je even bij je familie kan zijn. Iedereen is nu weer fris, we hebben er weer zin in. En dan is het nu ook niet zeuren, maar lekker voetballen."

Eindhoven út: altyd lestich

Sneintemiddei stiet yn Eindhoven it earste duel fan 2021 op it programma. "Eindhoven is gewoan in lestige tsjinstanner. Dat sis ik elke wike, mar it is ek elke wike wol sa", laket De Jong. "Tsjin ús kinne teams altyd wat mear. Sy stean yn it linkerrychje, der binne genôch ploegen dy't dêr punten ferspylje. Wy moatte sels ús fuotbalnivo omheech bringe, want it komt ús ek net oanwaaien."

Ferdigener Schouten ferwachtet dat Eindhoven him oanpasse sil oan Cambuur. "Het is natuurlijk een groot compliment als tegenstanders zich aan ons aanpassen. Het is voor ons ook een mooie uitdaging, om te laten zien dat we ook andere dingen kunnen dan alleen maar goed voetballen. Zij doen het goed, staan zevende, dus ik verwacht een lastige wedstrijd."

Twadde perioade

As it resultaat sneontejûn by Almere City - De Graafschap geunstich útfalt foar de Ljouwerters, dan kinne de Ljouwerters by winst de twadde perioade pakke. En alteast Cambuur de earste perioade ek al hat, soe De Jong dêr tige bliid mei wêze: "Wy wolle dy perioade gewoan winne. Dat fyn ik belangryk, want it is in befêstiging fan hoe't wy dwaande binne. En dêrnei gean wy foar de tredde perioade. Dat slagget miskien net, mar it is de doelstelling dy't je jesels jaan moatte."

Oanfierder Erik Schouten oer it duel tsjin Eindhoven

Neffens Schouten libbet de twadde perioade net sa yn de spilersgroep: "Ik hoop dat we alle vier de periodes winnen, want dat betekent dat je aan het einde van het seizoen kampioen bent. Er staat alleen geen extra prijs meer op, want die hebben we in de eerste periode al gehad. Maar het is een leuke bijkomstigheid als je aan het einde kunt zeggen dat je ook in de tweede periode de beste was."

Sandor van der Heide

Assistint-trainer Sandor van der Heide siet moannenlang thús mei burn-outklachten, mar hy stiet foarsichtich wer op it fjild. De eagen fan Henk de Jong begjinne te glimkjen wannear't hy seit: "Dêr bin ik o sa bliid mei. Dat ik him wer oan it wurk sette koe, dêr genietsje ik fan. Wy passe goed op Sandor, ik lit him yn syn krêft mei dy jonges wurkje. Dan kin hy moai syn dinkjes dwaan, dat is allinnich mar goed foar ús."

FC Eindhoven - SC Cambuur begjint snein 3 jannewaris om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)