Tal nije besmettingen opnij boppe trochsneed, ek wer fiif stjergefallen meld

01 jan 2021 - 17:06

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 259 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne twa mear as tongersdei, doe't 257 gefallen meld waarden. It deistige tal meldingen kin aardich skommelje en dat hat te krijen mei de feestdagen. Yn trochsneed wurde de ôfrûne wike alle dagen 232 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

It werklike tal besmettingen leit nei alle gedachten heger. Yn dizze perioade litte minder minsken har teste. Foar it earst yn sân wiken hat GGD Fryslân minder testen ôfnommen as in wike earder. De GGD tinkt dat minsken mei klachten har mei de feestdagen net teste litte wolle en it útstelle of hielendal gewurde litte.

De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oere meld yn Ljouwert, nammentlik 56. Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 32.

Wer fiif stjergefallen

Der binne foar de tredde dei op rige fiif stjergefallen as gefolch fan corona meld. It giet om twa ynwenners fan Dantumadiel en dêrnjonken ien yn Tytsjerksteradiel, Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân. Der binne gjin minsken it sikehûs yn rekke.

Lanlik binne freed 8.215 nije besmettingen meld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)