Dijkstra Draisma hâldt fertrouwen yn goede ôfrin foar Cambuurstadion

01 jan 2021 - 15:49

It jier 2021 wurdt in belangryk jier foar it nije stadion fan SC Cambuur. Yn 2020 begûn nei de boufak de ûntwikkeling fan it stadion, mar yn novimber kaam de safolste ôffaller: ûntwikkelder Wyckerveste luts him werom. "We moatte de situaasje no opnij besjen, oft we de besteande business case op in oare manier trochsette kinne", seit Biense Dijkstra fan boubedriuw Dijkstra Draisma, ien fan de partijen yn it hiele plan.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

It wie in ferfelende meidieling, seit Dijkstra oer it boadskip dat Wyckerveste de business case net mear sitten seach. "It is in hiel lestich proses. Wy sitte der al sân jier yn. En ik kin der ek net alles oer kwyt, want it is in te gefoelich dossier."

De bou fan it stadion wurdt dus wer útsteld, mar in part fan de ûntwikkeling fan it Ljouwerter WTC-gebiet giet wol troch. "Wy ha de ûntwikkeling fan de Snekertrekweg en de supermerken nei ús ta lutsen", fertelt Dijkstra. "Dat ha we sels ûntwikkele en der giet ek noch hieltyd in substansjele bydrage nei SC Cambuur, dat giet om miljoenen."

Biense Dijkstra oer hoe't it komt yn 2021 mei de bou

Op in gegeven momint luts Wyckerveste ek Van Wijnen yn it projekt, in konkurrint foar Dijkstra Draisma. "Dat paste wol by it karakter sa't we dat meimakke hienen", omskriuwt Dijkstra it kryptysk. "Der binne oare ôfspraken makke. Mar we ha mar ien belang, it stadion moat der komme. Wy sille dêr ek net dwers foar lizze, want as hjirmei de missy folbrocht wurde kin, dan moat it sa mar. It soe foar ússels wol spitich wêze, nei alve jier as sponsor."

Elkoar net yn de steek litte

Nettsjinsteande ôffaller op ôffaller hâldt Dijkstra fertrouwen yn in goede ôfrin. "De kâns is oanmerklik dat it stadion der komt. As Cambuur ús net yn de steek lit, litte wy Cambuur ek net yn de steek."

(Advertinsje)
(Advertinsje)