Hynders ha profyt fan fjoerwurkferbod: "Sûnder maatregels stuiterje se yn de boks"

01 jan 2021 - 14:53

Foar it earst wie der in fjoerwurkferbod mei âldjiersnacht. No waard der noch wol knald, mar wol minder as oare jierren. Bisten hawwe altyd in soad lêst fan fjoerwurk, is dat no ek oars? Hynsteboer Sibma fan Rottum hat in trúkje om syn bisten goed ta te rieden.

Foto: Johanna Faber

Piet Sibma hat in lytse hûndert hynders op stâl yn Rottum. Hy fernaam dat it rêstiger as oars wie. Hy hat wol wat betocht om syn bisten rêstich te hâlden. "We ha al jierren de gewoante om mei âldjiersjûn de radio wat lûder te setten. En tsjin 23.30 oere sette we it folume hielendal heech, dan kinne de hynders moai dûnsje. Se fernimme dan neat fan de knallerij." Dat helpt dus tsjin it lûd, mar ek tsjin de flitsen hat Sibma in oplossing: "De ljochten oan."

Watfoar muzyk Sibma op set, hinget wer fan de hynders ôf. "De fôlen wolle wat moderne muzyk, de âlderen ha leaver klassike muzyk."

Radio koe earder út

Dit jier koe de radio wat earder út, want it bleau relatyf rêstich mei it fjoerwurk. "Gewoanwei draait de radio de hiele nacht troch, oant in oere as 5.00. No ha ik 'm om 2.30 oere útset."

It fjoerwurkferbod fielt wat dûbeld. "It fjoerwurk hat wol wat, om dat te ûntnimmen is ek wer sa wat. Foar de bisten soe it wol in goede saak wêze. Want as je gjin maatregels nimme, steane se hjir te stuiterjen yn de boks."

Hynsteboer Piet Sibma

(Advertinsje)
(Advertinsje)