Tweintich kij yn Noardburgum nei oeren rêden út jarreput
De brânwacht hat nijjiersdei oeren dwaande om tweintich kij út in jarreput te heljen yn in feestâl oan de Kûkhernewei yn Noardburgum. Sûnt moarns betiid wie de brânwacht dwaande, om 16.00 oere hinne wiene alle kij derút.
Ekstra bykommend probleem wie dat de jarreput noch foar de helte fol siet mei jarre. De brânwacht fan Nijhoarne waard oproppen omdat se in spesjale feetakel ha om de kij út de jarreput te krijen.
It wurk wie ekstra swier, omdat de brânwachtlju spesjale maskers op ha moatte fanwegen de skealike gassen. Hoe't de kij der no oan ta binne, is net bekend.