Boargemaster Oebele Brouwer: "Yn Twizelerheide is it knap gien"

01 jan 2021 - 12:59

Minder fjoerwurkslachtoffers, mar dochs aardich wat fjoer yn ús provinsje yn de âldjiersnacht. Op ferskate plakken binne caravans of oare saken yn brân stutsen, der is fjoer makke mei âlde auto's of oar sloopmateriaal. De plysje en de brânwacht moasten op ferskate plakken yn aksje komme om it fjoer út te meitsjen. Wat opfoel, is dat in protte meldings út it easten en noardeasten kamen. Hoe wie âldjiersnacht yn de gemeente Achtkarspelen?

Foto: Omrop Fryslân, Harm Weistra

"Yn Twizelerheide is it knap gien", seit boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen. Yn de oanrin nei âldjiersnacht wie it dêr ûnrêstich, mar dêr is in soad enerzjy yn stutsen. "We ha in wike lang mei minsken praat en ús gesicht sjen litten." Oer de rest fan syn gemeente "mei er net kleie oer hoe't it gien is."

Hy begrypt hiel goed dat de jeugd by de muorren opfljocht omdat se neat kinne, mar de agresje tsjin helpferlieners kin er mei de holle net by.

Oebele Brouwer, boargemaster Achtkarspelen

(Advertinsje)
(Advertinsje)