Hast 15.000 fêststelde coronabesmettingen yn Fryslân yn 2020

01 jan 2021 - 12:32

Nei trije wiken groei yn it tal coronabesmettingen yn Fryslân, is it tal fêststelde besmettingen de ôfrûne sân dagen minder as de wike dêrfoar: 1.644 tsjinoer 1.804. Dat der minder minsken posityf test binne, betsjut net dat minder minsken besmet binne: neffens de GGD litte minsken har minder teste troch de feestdagen.

Foto: Shutterstock.com / Naeblys

Mei de 1.644 positive testen fan de ôfrûne wike is yn 2020 yn totaal by 14.795 Friezen it coronafirus fêststeld. De earste fêststelde besmettingen wienen op 10 maart, by in pear op De Gordyk.

It deistige tal besmettingen sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte positive testen binne de ôfrûne wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn totaal 288. Yn de gemeente Ljouwert wiene de ôfrûne wike 277 fêststelde besmettingen, yn Noardeast-Fryslân 167.

Fiif stjergefallen

It tal stjergefallen leit in stik heger as de ôfrûne wiken. It wiene der 19, safolle ha it der noch net west yn ien wike. "Het is inderdaad een heel hoog aantal nu", seit Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân. "Daarin zien we terug dat we momenteel hoge aantallen besmettingen zien, dat zien we ook in verpleeg- en verzorgingshuizen. Daar overlijden mensen vaker."

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei corona stiet no op 172. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0

Sjoch foar mear nijs oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)