GGD drok dwaande mei tarieden coronafaksinaasjekampanje

01 jan 2021 - 12:18

Dit nije jier 2021 wurdt it jier fan de grutste faksinaasjekampanje oait. De kommende moannen wurde yn Nederlân miljoenen minsken yninte tsjin it coronafirus. Sa't it no liket giet it hjir op 18 jannewaris los, yn Ljouwert, yn it WTC Expo. Soarchpersoniel is it earst oan bar.

Foto: Shutterstock

Jeannette Provoost fan de GGD Fryslân is ferantwurdlik foar de hiele faksinaasjekampanje. Op 18 jannewaris kin de earste groep minsken yn de soarch him melde by it WTC Expo om yninte te wurden tsjin it coronafirus. "Het is de bedoeling dat het half maart klaar moet zijn, maar we zijn afhankelijk van de vaccinaties die we landelijk geleverd krijgen."

Nei it soarchpersoniel is de planning dat 60-plussers yninte wurde. "Landelijk moet nog besloten worden of dat de volgende groep wordt. Dat hangt ook weer af van de beschikbare vaccins en waar ze het beste voor geschikt zijn." As it trochgiet, giet it om mobile thúswenjende âldere minsken, dy't sels nei de lokaasje komme. Oaren dy't net mobyl binne of kwetsber binne, kinne nei de húsdokter.

Faksins

Neist Pfizer wurdt ek sjoen nei oare faksins, mar dy moatte noch goedkard wurde. "Het eerste vaccin dat toestemming gaat aanvragen is Moderna, daar verwachten we op 6 januari uitsluitsel van het Europese agentschap. Als dat goed is, verwachten we een eerste levering in het eerste kwartaal."

De faksins wurde goedkard foar minsken fan boppe de 18 jier. "Onderzoeken zijn nog niet gedaan bij de jongere groepen, daar zijn ze wel mee bezig." Om elkenien yn Fryslân yn te intsjen, is de ferwachting dat dat moannen duorret, ek wer ôfhinklik fan de beskikberheid.

Jeannette Provoost

Trefwurden: 
GGD faksinaasje coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)